Bolle op ‘e rin!

Wat hat Bert Rienstra mei Achlum?
31 maart 2003
SDS 2 om 14.30 oere!
1 april 2003

De wedstriid fan SDS4 tsjin Stormvogels yn Achlum waard ôfrûne sneon opskrikt troch in nuver foarfal. De 2e helte wie noch mar krekt oan ‘e gong doe der in grutte bolle it fjild opstowen kaam. Hy hie it foaral foarsjoen op de grutte reade slip fan H. út S. Dizze koe lokkich genôch mei de skrik frijkomme doe der yn ‘e sleat sprong. De spilers fan SDS hienen de bolle regele om H. efkes fiele te litten dat hy wol in goeie reden hawwe moat om samar út it fjild te draven. Nei de wedstriid koenen de mannen der smakelijk om laitsje ûnder it genot fan it kratsje bier wat sy krigen hienen fan de Achlumers. Der waard H. noch op it hert drukt dat sy graach laitsje meie foar, ûnder en nei de wedstriid en dat sy dan ek perfoarst net sûnder him kinne.

De bolle op syk nei H. en syn reade slip.