SDS 2 om 14.30 oere!

Bolle op ‘e rin!
1 april 2003
Cambuur A1 te sterk foar SDS A1
1 april 2003

De rest fan de kompetysje sil SDS 2 hun thúswedstriden om 14.30 oere spylje. Nei lang berie mei de lieders en trainer fan SDS 1 wienen sy bereid ôf te wiken fan 12.15 oere. SDS 1 spilet no de rest fan it seizoen om 12.15 oere. De trainer fan SDS1 woe dit graach yn it kader fan teambuilding. “Der binne jonges mei bern en dy moatte sneons by tiden betiid nei hûs. No kinne sy sa nei de wedstriid langer mei-inoar oan ‘e tafel sitte”. Yn it circuit wurdt flústere dat dit in foarstel west hat fan de nije assistint-lieder H.A.Dijkstra. Sels kin hy dan asen wer mei it 2e fuotbalje om 14.30 oere en hat der moarns tiid om de auto te wôskjen (of út te dûken).