Wat hat Bert Rienstra mei Achlum?

Chris Houtsma nei kermis troch 5 doelpunten soan
31 maart 2003
Bolle op ‘e rin!
1 april 2003

Stormvogel 1 – SDS 4

 

Al wer mooi waar en in ferrassing fan Stormvogels foar us.

Om’t wy de ferline kear foar JAN REET nei Achlum flein binne,

hja hiene net ofbelle, setten sy in krat Bier yn ús klaaikeamer.

Tige tank hjir foar, it wie lekker.

Nei in kertier wie it Stormvogels dy’t oan de lieding kamen troch

in poeier fan sa’n 8 meter.

Hjir nei kaemen wy better yn it spul, mei troch it snelle draven fan

Gerlof fan Atze en Tettie.

Hy sleepte en sleurde fan de iene nei de oare kant.

Mar goals hat dit net opsmiten.

Nei de thee like it der op dat wy mei 10 man tsjin 12 man spilen.

Wy waerden oer-rûn troch de thúsklub, al hielendal doe’t Bert Rienstra

de bol snoeihurd ûder de lotte kopte 2-0, mar ja

hy is ek in ald Achlumer, en giet mei syn ex-sweager Rene V

oan kop yn it eigen goal klassemint.

 Der sil wol wat mear traind wurde moatte, want as jo 1 punt

ú de leste 4 wedstriiden pakke moat der al wat barre.

 

                        Greetings from the Ozzman.