Ald-SDS 1 – âld-Nijland 1 mei it jubileumfeest

sc Heerenveenklinik mei it SDS-jubileumfeest!
29 augustus 2022
Programma SDS-jubileumfeest 2&3 septimber
30 augustus 2022


Yn it fiere ferline sieten SDS en vv Nijland net faak byelkoar yn de kompetysje. Yn de jierren 60 twa kear en yn de jierren 70 ien kear, mar yn de jierren 80 en 90 hielendal net. Begjin 2000 feroare dat. Nijland klom omheech út de ûnderste klassen en SDS gie fan de 3e nei de 1e klasse en werom. Hjirby kamen SDS en vv Nijland mekoar ek faker tsjin. In wedstriid dy ’t je sawisa winne woenen en der kamen sels wiere derbypraktiken oan te pas.
Sa waard de auto fan Nijlandspits Douwe Posthuma wolris hielendal ynpakt op it skoalplein fan it Bogerman yn Wommels, de middenstip wolris fuorthelle yn Easterein, de middenstip yn Easterein wolris blau-wyt ferve en SDS-keeper Jaap Toering syn foarrút wolris beskreaun. Ynmiddels hawwe SDS en vv Nijland in gearwurking by de jeugd en kinne de klups goed meielkoar troch ien doar. Kommend seizoen stiet de derby wer op it programma yn de 3e-Klasse A. Op 1 oktober wurdt de wedstriid ferspile yn Nijlân.
Kommende freed spylje âld-SDS 1 en âld-Nijland om 18.30 oere freonskiplijk tsjinelkoar yn Easterein ûnder lieding fan skiedsrjochter Ale van Tuinen.
De wedstriid duorret twa kear in heal oere.
Yn de rêst spylje 75 jeugdfuotballers fan SDS tsjin SDS 1.

Dit binne foarearst de seleksjes:

Ald-SDS
Jappie Wijnia
Henk Postma
Wichard Deinum
Anne Stenekes
Feite de Haan
Harm Stremler
Floris Hiemstra
Robert Sijbesma
Hendrik de Jong
Dirk-Yde Sjaarda
Marten Faber
Tsjipke Okkema
Gert-Jan Hiemstra
Peter Sijbesma

Koach: Kees Jansen
Lieder: Anne Brouwer
Flagger: René Zijlstra
Striker: Dooitze Nauta

Ald-Nijland
Marten van der Kamp
Peter van Dalfsen
Hein Damstra
Ate de Boer
Remco Sybrandy
Henk van Dalfsen
Hendrik de Boer
Peter van der Dam
Hendrik Sweering
Franke Wiersma
Johan Eppinga
Gert Koolmoes
Gerrit Eppinga
Wieger Boonstra
Elmer Woudstra
Ulbe Osinga
Douwe Posthuma
Koach: Okke van der Kamp
Lieder: Pyt Nota
Flagger: Feike Boschma
Striker: Hein Damstra

In wedstriidbyld út 2001 mei û.o. Jappie Wijnia, Anne Stenekes, Pyt Nota en Hendrik de Jong.


Harm Stremler skoort út in strafskop yn 2015 tsjin vv Nijland.


vv Nijland  yn 2004


Nijland fiert it kampioensfeest by de Jimbar yn Wommels…….


De blau-wite stip by SDS…..