A en B junioren yn de seal

Weppers snein 28-12
27 december 2008
Weppers tiisdei 30-12
29 december 2008

Sneintejûn wie der in toernooi foar a en B junioren. Wij krigen in kreas ferslach fan Klaas Pompstra mei wat foto’s wat wij omsetten hawwe yn wepperkes.

De organisaasje en opkomst
Sneontejûn 27 desimber ha de A- en B-junioaren it jierlikse krysttoernoai hân. Fan de 33 spilers dienen der 21 mei. We hienen 3 teams fan 5 spilers en 1 team fan 6 spilers. Nei  de earste wedstriid wienen der noch 20 spilers, want Harm Jan foel út nei ‘t hy yn knibbel hurd yn de spieren fan de bilbonke krige hie. Der wienen ek in oantal spilers die harren net ôfmeld hienen. Dat wie net sa fraai.
Mei Jan Rinse efter de knoppen en derby ek efkes stipe krige fan Hendrik, mei Tamme as skiedsrjochter en mei Klaas foar algemiene lieding wie de organisaasje ‘kompleet’. Lody siet yn Dútslân en koe der net by wêze.

It wedstriidferrin
Nei ‘t eltse ploech 3 wedstriden spile hie, waard de einstân as folcht:

1. Jelte Pieter Dijkstra, Freek Tichelman, Doede Kooistra,  Arjan Hallema en Eddy Visser mei 7 punten, 22 foar en 7 tsjin.
2. Albert Tiemersma, Jacob van Wieren, Jarco Pompstra, Ramon Rameau en Ayanle Reitsma mei 4 punten, 20 foar en 18 tsjin
3. Ronald Talsma, Peter Stuiver, Arjen Los, Kristian Gaastra en Martin Rienstra mei 3 punten, 15 foar en 23 tsjin
4. Ewout de Boer, Harm Jan Kamstra, Christiaan Plantinga, Bauke Jan Plantinga, Gerrit Kooistra en Broer Jacob Greidanus mei 3 punten, 11 foar, 22 tsjin.

Opfallende mominten
Der wienen in oantal bysûnder mominten dizze jûn, Skiedsrjochter Tamme waard pannekoek naam troch Ewout, wylst Tamme presiis neffens de rigels float! Dat Arjan Hallema yn de lêste wedstriid wol 10 kear frij foar de keeper stie en net skoarde. Dat hy dat by kâns 11 die mei it moaiste hakje ea yn sealfuotbal sjoen. Dat Ayanle dat oan de oare kant ek die en in heale meter grutter lâns it ‘publyk’ rûn. Dat Ewout in prachtich lobke oer Peter pleatste. Dat Jarco de 4-4 skoarde mei in hast net waarnimbere fuotbeweging. Dat Harm Jan útfoel nei in knibbel yn de bilbonke.
Dat der neist de mem fan Jarco ek de âlders fan Broer Jacob der efkes wienen.
Fierders wienen der noch inkele jonges en famkes te sjen.

Priisútrikking
Bestjoers- as kommisjeleden koenen de prizen net útrikke, want die wienen de beide net! Mar hawar, hja hienen ek al efkes by de froulju. Derom ha we sels mar wat dien. De priiswinners in konsumpsjebon en alle spilers die noch bleaunen ha we twa skalen hapkes jûn. Ien der fan ha we sels dien.

Tankwurd
Jonges, tige tank dat jimme der wienen en we ha sjoen dat jimme efkes lekker balle ha en dernei efkes smûk sitten yn de kantine. Bysûnder tank oan Titus foar de ûntfangst en goede soargen.
Klaas