Weppers tiisdei 30-12

A en B junioren yn de seal
28 december 2008
Liftwedstriid 2009 (1)
30 december 2008

Snertrin en nijjiersresepsje

Sneon  3 januari 2009 is de nijjiersresepsje. Foar de resepsje is der in kuiertocht en in tocht foar minsken dy’t wat hurder wolle.

De kuiertocht sil tusken de 10 en 12 km weze en het runtsje foar de dravers (fanôf de A-junioaren) is ungefear 8 km.

It is de bedoeling dat de kuierders om ca 13.00 oere en de dravers om ca. 14.00 oere starte sadat se  tagelyk werom binne by de Skoalleseize.

Hjir wachtet de dielnimmers in lekkere kop snert, klear makke troch de froulju fan de kommisje.

Fanof ungefear hjealwei fiifenen is der in stikje muzyk fan de Swinging Stars. Tuskentroch dogge we in pear slachjes mei  it draaiend red om wat ut de kosten te kommen en binne der in pear frijwilligers (Willem, Aant) dy’t us fermeitsje sille mei in kwiske of sok sa wat.

Elkenien dy’t wat mei SDS hat is wolkom.

De aktiviteitenkommisje.

Midwintercup
Nije wike begjinne de foarrondes foar de Midwintercup. De mannen fan SDS spylje moandeitejûn yn Frentsjer de foarronde en de froulju tiisdeitejûn yn Ljouwert. Letter fan ‘e wike kinne jim der hjir mear oer lêze. 

Rap betelje
Der binne noch 6 minsken die noch betelje moatte foar it weekein fuort A-seleksje, wolle jim dit foar de jierwikseling oermeitsje?
Dan kinne we dit afronde!!!!!
Rekkeningnummer is 1435.96.225
Groetnis,
Marten


SDS League
Wy binne drok dwaande om de einstân fan de earste helte fan de SDS League yn elkoar te draaien. Sneon by de nijjiersresepsje fan SDS wurdt de einstân bekend makke.

Sealbalje
Tradisjoniel kin it SDS-seizoen ôfsluten wurde yn de sporthal. Woansdeitemiddei om 14.00 oere kin der futsald wurde. En dêrnei noch hiel efkes neiprate.

Lifters nei Eastenryk
De lifters, mei Sjoerd van Beem as SDS troef, geane 1 jannewaris nei Eastenryk. En mocht Sjoerd gjin lift krije en dochs it doel helje wolle dan sjogge wij him seker de earste 8 dagen en 23 oeren net wer. Syn kondysje is dan wol op peil.


Mear liftnijs
Krekt as oare jierren sille wij wer ferslach dwaan fan de liftwedstryd. Al jierren binne dat de dagen mei de measte besikers. Jûn of moarn sille wij de kandidaten foarstelle en wat nijsgjirrichheden melde. It adres foar it liftnijs is
sds-nijs@home.nl

Feyenoord
Bosz

Botsing
Trainers moatte net tefolle langs de kant fan it fjild stean te skreeuwen. Se kinne better sitten bliuwe. Dat fûn dizze Australyske spiler ek:




Letter mear!