Weppers snein 28-12

Krystweppers
25 december 2008
A en B junioren yn de seal
28 december 2008

3e op Krysttoernoai
Twadde Krystdei binne de SDS’ers Dirk-Yde, Tsjipke, Skelte, Japio, de Haitsma’s en Willem 3e wurden op it prestigieuze Krysttoernoai fan Frentsjer. Yn de heale finale waard jammerlik mei 1-0 ferlern fan De Doelen. It toernoai waard úteinlik wûn troch Lovis Design. Hjiryn spilen de fuotballers fan ZVF 1.
Tsjeard Breeuwsma die úteinlik net mei. Hy wie siik.

Wûn!
De wichtigste wedstryd op twadde Krystdei wie fansels it duel tusken Tsjalling Sikma en Jacob-Klaas Haitsma. Nei 1 minút wie it al 1-0 foar Tsjalling. Hy spile Jacob-Klaas troch de fuotten. Noch gjin sekonde letter wie it dus al 1-1, want Tsjalling fleach wol in meter troch de loft troch in “tikkie” fan Jacob-Klaas………….
Qua doelpunten wûn SDS úteinlik mei 2-0 fan Dronryp. 

Wêr giet Sjoerd hinne?
It liket der op, dat Sjoerd van Beem de ienige SDS-er is dy’t 1 jannewaris mei giet te liftsjen fanút de Jimbar yn Wommels. Wê’r’t de reis hinne giet is noch altiten net dúdlik.

Twa eagen
Twee reebruine ogen die zagen de jager aan “dat wie ferline in wepper op dizze side. De jaaaier wie Stoffel. Hij skriwut ús it folgende:
Yn sa’n jager, dêr kin ik wol yn komme want as jo de friezer fol ha en der komt noch sa’n hert by moat dan moatte jo in protte iters op kryst krije. 
Och, hy hie der by my wol op it tableau mochten want ik ferwachtsje wer 20 iters (fretters).

Keeperstraining
Jaap Toering brûkt dizze winterstop om de trainen op hege ballen. Mar omdat net ien sin hat om mei te skoppen hat Jaap help ynroppen fan wat
oaren.

Toernooien
Wij binne it sicht wat kwyt op toernooiene wêr’t SDS teams wol oan meidogge. Binne der útslaggen , mail se
ús.

Oefenje
De froulju sille nije wike op in geheime lokaasje efter sletten doarren in training dwaan om harren ta te rissen op it Midwintertoernooi. Tsjinstanners út Heerenveen, DeTrijeDoarpen, Hollandscheveld, Berltsum en Ternaard hoege dan ek gjin reis te ûndernimmen om te sjen welk systeem der fuotballe wurde sil.

Hugo Borst
Sneon stie der wer in prachtich stik fan Hugo Borst yn it AD. Klik
hjir om it te lêzen.