Wepperkes -woansdei-

2 nije spilers foar SDS 1??
22 november 2005
SDS League: Flyer pakt wykpriis!
23 november 2005

SDS 1 – FCL 1    5-2

Sjonge foar Ajax
Supporterslegioenen hawwe harren eigen repertoire. Omdat Ajax juster wûn/ferlern hat, dêrom in
oersjoch fan de lieten dy’t Ajax-supporters sjonge. Want meastal fersteane je der gjin biet fan. Fan de ferskes dy’t se sjonge oer de  tsjinstanners meitsje wij mar gjin link, want at je soks lêze soene je gelyk supporter ôf wurde.

Jûn Futsal
Fansels meie jim jûn net ûtbrekke op de tribune bij it futsallen. SDS 1 spilet de tige wichtige wedstryd tsjin FCL 2. Dizze ploech stiet ûnderoan en dat wol SDS graach sa hâlde. It begjint om 20.30 oere.
SDS 2 moat  dêrnei tsjin Workum 2.

De skuon fan Willem
Sûnt in pear wike hat Willem nije skuon. Net allinne foar de seal mar ek foar it fjild. At it oan de skuon leit is net hielendal wis, mar it is wol sa dat der mei de skuon noch gjin punten helle hat. Ien doelpunt yn Assen is alles. Hopenlik wurdt it jûn allegear better.

Vlaar
Ron Vlaar wie okkerlêsten net sa gelokkich yn it Nederlânske alvetal. De lêzers fan VI wisten der wer in oantal moaie
foto’s fan te meitsjen.

Jierdei west
Wij moasten al earder bekenne dat wij net alle jierdeis like folle oandacht jouwe. It hat neat mei de persoan te meitsjen at wij efkes gjin fermelding dogge.  It like ús goed om dat efkes te melden, want ek ôfrûne sneon krigen wij suver in ferwitende opmerking fan opropwrotter  Klaas Visser. Wij hiene syn jierdei fergetten. Hielendal net! Wij melde no dat Klaas op 28 oktober jierdei wie en 43 wurden is. Hij seach der doe allinne noch net 43 jier út. Nei sneon (nei in klap fan in Hielper) is hij samar in oantal wiken âlder wurden.  Dêrom de lokwinsken foar Klaas dy’t no 43 is en der no ek 43 út sjocht.

De jierdeis fan dizze wike

5e Rudy Dijkstra 23-nov-84
4e Sipke Hiemstra 24-nov-56
Oprop Johan  Dijkstra 25-nov-70
F3 P. van der Pol 27-nov-98

Ek jierdei west
Wy woenen eins hielendal gjin melding meitsje fan de jierdei fan Sjoerd Rispens. Hy wie ôfrûne sneon jierdei. Hy hat sneon lyk trakteert ûnder de wedstriid fan SDS 2 tsjin ACV 3. De mannen fan ACV wol te ferstean…… Jan Simon Jelsma wit wol wêrop.