Finale WK 2017

Weppers tiisdei 8-8-2017
8 augustus 2017
SDS 70 jier!
10 augustus 2017

Finale Wommelser kampioenskip 2017

Neat koe in slagge edysje fan dizze WK-finale yn it paad stean. In karre midden op it WK-fjild, bier wat foar de wedstryd al waarm stie te wurden op de Terp, it gers tot oant de knibbels en in ûneven oantal fuotballers. Lokkich genôch koe de karre sels mei de hânrem derop ferriden wurde en duorre dat krekt lang genôch oant Henk Postma it iten op hie en wie der dochs noch in even oantal.
It hege gers en it waarme bier yn it foarútsjoch koe makkelijk foar leaf nommen wurde.
De hesjes waarden útdield:

‘Team Hessie’
Marco; soe op in EK de beste fan it fjild wêze
Tsjipke; stoppet 25 jier te betiid
Jelmer; neist Murk de twadde slachter op de Terp…….
Jaap; ek as spits klemfêst. Pieter wolteferstean……
Hendrik; kin better syn fuotten byinoar plakke
Gerlof-Jan; gie as in eartiids Servet
Henk; giet as in tyt op memmemolke
Willem; ‘dat keunstgers yn Easterein is perfekt, mar de Terp leit dochs nofliker’

‘Team Hammie’
Jacob-Klaas; alwer de twadde priis…..
Pieter; oansjitten wyld
Tjitske; beste spylster fan it WK en hie de measte fans op de Terp-tribune
Wiebe; docht ús Teun ferjitten
Lourens; skoort it makkelijkst út ûnmooglike hoeken
Remco; beste spiler fan it WK
Jurjen; gie lekker Los
Jacob; hie blykber gjin nocht om it ferslach te skriuwen

As it mei opset wie witte wy eins net, mar it wie in dúdlike jong tsjin âld. Dat levert meastentiids itselde ferslach op. Ald it bettere fan it spul en jong op de kounter de goals. Sa gie it dus ek. ‘Team Hammie’ wie superfit en gie as in wylden. Ald like him yn de earste helte al te sparjen foar de tredde helte. Sa slagge Hendrik der sels yn om tiid te rekken troch de bal op it dak fan Ate Feike de Boer oan de Terp te sjitten. Slim, want dan binne je yn elts gefal wis dat dy bal der nea wer fanôf komt. Lokkich koe de striid om de winnende goal los gean mei de reservebal. ‘Team Hammie’ gie los en ‘Team Hessie’ hong efteroer te wachtsjen op de ferlossende kounter! En dy kaam! Neffens resept gie de bal nei in knappe oanfal fan ‘Hammie’ mei gang nei foaren, stapte Jacob-Klaas der kreas ûndertroch, liet Jurjen de spits los en koe neffens tradysje de skriuwer fan it wedstrydferslach de winnende binnenknalle. Al koste dit noch wol hast ien syn libben…….
Nei de finale bleuan it noch lang ûnrêstich op de Terp en waarden yn de rin fan de jûn de fingers kâlder as it bier en waard der al útsjoen nei it folgende WK.
WK 2018!
No al nocht yn!

Willem