Weppers tiisdei 8-8-2017

SDS 1 komt ‘krekt’ te koart tsjin FC Dordrecht
7 augustus 2017
Finale WK 2017
8 augustus 2017

Nije flagge!

Hawwe jim sneon ek sa genoaten fan dy nije SDS-flagge?
Fan wa soe SDS dy krigen hawwe? 😉

Freulepartij

52 partoeren moarn op de Freulepartij. Trije dêrfan hawwe in SDS karakter: Sterk Door Samenspel. Dat moat Jeffrey, Arjen en Bote (Reaûs Turns) , Bauke, Rutger en Kees (Easterein) en Wytse, Wessel en Wesley (Wommels) sukses opleverje dizze Freulepartij.

WK


Op de Terp juster wer de finale edysje fan it WK. It gers wie sa lang dat in 30 stiks kij wol in wike kôgjen hiene, de sinne  wie lestich, de dyk tichtbij en it dak net heech genôch om de bal der op te skoppen mar fierders gie alles goed.
It tradisjonele WK-ferslach komt jûn!

Tarieding SDS 1


Dizze wike gjin trainen, mar fanôf kommende wike is dit it tariedingsprogramma. De earste kompetysjewedstriid is op 23 septimber.

Harsens derby (1908)

As ferdediger moatte je altiten rêstich bliuwe……..