Wurd gjin ‘Daan’! Bliuw of kom fuotbaljen by SDS!

Weppers sneon 6-6-2020
6 juni 2020
Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenveen of ferling him en stypje SDS!
9 juni 2020

By de KNVB hawwe syn in nije kampanje starten om te foarkommen dat lju stopje mei fuotbaljen no ’t der sa lang net fuotballe wurde kin. It hat neat mei Daan Boersma te meitsjen, mar de kampanje hat as slogan; ‘Word geen Daan!’
By SDS wolle wy ek graach dat jim allegear fuotbaljen bliuwe. Dit jild foar elkenien, dus foar de froulju, manlju, famkes en jonkjes. Wy wolle jim net kwyt sadat wy daliks mei syn allen wer in soad wille belibje kinne oan it fuotbaljen mei syn allen. Om alle teams wer rûn te krijen hawwe wy jim allegear nedich. By SDS binne wy dwaande om in 6e senioarenteam foarelkoar te krijen. Dan komt der gjin JO19-2-team, mar wurdt dit in jong senioarenteam wat noch langer foarút kin en ek gebrûk meitsje kin fan oare senioarenleden.

Dus bliuw allegear fuotbaljen of kom ús fersterken!
Wat SDS oanbelanget sizze wy dan mar; ‘Wy hawwe oan ien Daan wol genôch’!