Weppers sneon 6-6-2020

Weppers woansdei 3-6-2020
3 juni 2020
Wurd gjin ‘Daan’! Bliuw of kom fuotbaljen by SDS!
8 juni 2020

Spullen ynleverje!

De measte lieders hawwe de SDS-spullen tongersdei ynlevere by Willem Twynstra en Klaas de Haan. Wa ’t dit noch net dien hat mei dit sa gau as mooglik by Klaas de Haan dwaan.

Logo’s

In pear wiken lyn stiene yn de Frysk Deiblêd en op harren twitter akkount 10 logo’s fan sportklups. Dat seach der sa út.

Jim herkenne der fêst wol guon fan…..

Efkes Balje

It “wat âldere minsken hûs” stiet yn Wommels neist it sportfjild. Op it sportfjild steane in oantal gebouwen mei apparteminten mei meast ek âldere bewenners. Ek bewenners fan Tywerthiem hawwe dêr in moai plakje.
It is algemien bekend dat hast al dy minsken dy’t dêr wenje it prachtich fine dat er wat libben is op it diel fan it sportfjild dat noch net beboud is.
It is al wiken in deade boel dêr. Minsken wolle en meie net nei bûten en fanwege de droechte wiene de meanmasjines fan ús fierstentegrutte gemeente ek stil.
Jim kinne begripe dat de druk op ús as Efkes Ballers hieltyd grutter waard om wer te begjinnen. De buert woe wer graach wat beweging, emoasje en moaie doelpunten sjen.
Freed 5 juny wie it dan safier. Der waard grien ljocht jûn troch it MEBAOK (Mienskiplik Efkes Baljen App Oerlis yn Krisistiid). De betingsten wêr’t wij oan foldwaan moatte, lizze net fier fuort bij de gewoane rigels.
Der wurdt net fûl op de man spile dus 1 meter 50 ôfstân is net sa dreech,
der wurde krekt as oars gjin yntime toanielstikjes bij de kornerflagge opfierd nei in doelpunt,
der wurdt in inkel slokje dronken út in eigen bidon,

de bal wurdt sa no en dan in sleat sketten foar in hygienyske beurt
en it brûzen nei ôfrin dogge wij oars ek thús (wij binne de tiid al fier foarút op dat punt).
It publyk op ôfstân hâlde jout ek dizze kear gjin problemen.
Wij hawwe prachtich balle.
Foar de measten wer wat ûnwennich en foar oaren in moai ferfolch op harren wyklikse training.
8 man mochten dizze earste edysje ta in sukses meitsje.
Nei in koarte “op-oardel-meter-evaluaasje” wie de konkluuzje dat it in prachtich begjin is en dat wij en noch wat oaren derbij der nije wike wer binne.
De donkere sjurtsjes wûnen de earste partij en ek de twadde partij wûnen se krekt. Mar dat wie dizze jûn in bytsje bijsaak. It gie om it fermaak foar de buert
Donkere sjurtsjes: Wouter, Sipke, Jurjen en Lieuwe
Ljochte sjurtsjes: Menno, Kerst, Remco en

Aant

Antwurden logo’s

1. @vveastermar
2. @fcburgum
3. @vvJistrum1
4. Jeugdvoetbalvereniging RVC
5. @svHielpen
6. @vvHJSC
7. @vv_jubbega
8. @TrinitasOnline
9. @vvTijnje
10. @ff_sds

Harsens derby (2234)

Wat misse wy it fuotbaljen dochs……