Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenveen of ferling him en stypje SDS!

Wurd gjin ‘Daan’! Bliuw of kom fuotbaljen by SDS!
8 juni 2020
Weppers tiisdei 9-6-2020
9 juni 2020

Y.f.m. de gearwurking tusken sc Heerenveen en SDS soe SDS 15 euries per ferlingde seizoenkaart of nije seizoenkaarthâlder krije, mar y.f.m. de Corona-krisis is dit wat feroare. SDS soe dan wat frijkaarten krije dy ’t wy b.f. brûke kinne as prizen by it Draaiend Rad of foar frijwilligers bygelyks. Ek dat is wer feroare. No krijt SDS €10,- per ferlingde of nije seizoenkaart.

Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420

It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!

Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?