Wurd ek lid fan GEKE!

Peaskeweppers
27 maart 2016
Weppers woansdei 30-3
29 maart 2016

Sa’t jimme witte is der fanút doarpsbelang Hâld Faesje fan Easterein in enerzjy koöperaasje oprjochte:
Griene Enerzjy Kooperaasje Easterien. GEKE
Wat wolle sy?
GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein.
Mar hoe wurket dat dan?
GEKE  is ‘wederverkoper’ fan stroom en gas foar de NLD (
www.noordelijklokaalduurzaam.nl). Dit is in enerzjyleveransier dy’t oprjochte is troch alle koöperaasjes meiinoar út Fryslan, Grins en Drinte. NLD keapet stroom en gas regionaal yn en lit de opbringsten fia de koöperaasjes wer werom floeie nei de doarpen. GEKE kriget as wederverkoper € 75,- per oanslúting per jier. Mei dit jild kinne we projekten dwaan om in duorsum doarp te wurden, mar we kinne it ek breder ynsette troch ferienings finansjeel te helpen om sa de leefberens te befoarderjen. 

Wat is it idee?
GEKE wol yn gearwurking mei de ferienings fan Easterein sjen om safolle mooglik leden te krijen. It idee is dat elke feriening syn leden freget mei stroom en gas oer te stappen nei GEKE/NLD. De fergoeding foar de feriening is € 37,50 per oanslúting en € 37,50 euro is foar GEKE dy’t dit ynsette sil foar de duorsumens yn Easterein. Dus stappe der 10 leden oer dan krijt SDS € 375,– per jier.
Wy tinke mei GEKE dat dit in prachtige manier is om oan ekstra sinten te kommen foar SDS! SDS is fan doel om dit jild te reservearen foar b.f. in pannakoai of mei de tiid in nije toplaag foar it oan te lizzen keunstgersfjild.
Binne jo ynteressearre meldt je dan sa gau as mooglik oan by GEKE oan op de mail fia:
info@geke-easterein.nl
En jou oan dat je SDS stypje wolle!

Binne der fragen, as wolle jimme dat ien fan GEKE del komt om dit fierder ta te ljochtsjen, sjoch dan op de webside fan GEKE (klik hjir) of nim kontakt op mei ien fan de bestjoersleden fan GEKE:

Jan-Jetze Brouwer, Koafinne 14, Easterein(foarsitter) 06-41630995
Gerrit Bergsma, Hôfsleane 6, Easterein (ponghâlder) 06-22649636
Johannes Dijkstra, Hôfsleane 25, Easterein 9 (sekretaris ) 06-53291193
Grietje Bouma-Jukema, Wynserdyk 53, Easterein (algemien lid)  06-23758603
Jehannes Santema, Hôfsleane 27, Easterein (algemien lid) 06-21669472