Peaskeweppers

Út- en ferslaggen sneon 26-3
24 maart 2016
Wurd ek lid fan GEKE!
29 maart 2016

WPB 1 – SDS 1
It ferslach fan de wedstriid WPB 1 – SDS 1 is in goeie fertaling fan de 90 minuten op it stille sportpark. Sjoch
hjir. Foto’s fan de wedstryd fan Henk Bootsma steane ek op de webside fan WPB (sjoch hjir).

Teun siet geregeld efkes yn ‘e mangel.
Foto Henk Bootsma

Plakje opskood
SDS 1 is troch it gelykspul wer in plakje opskood. Sjoch
hjir foar de aktuele stân.

Skorst
Bauke Dijkstra pakte juster syn 4e giele kaart fan it seizoen by SDS 1. dat betsjut day hy skorst is foar de wedstryd fan kommende sneon tsjin Delfstrahuizen 1.

SDS MC1 wint!
By de útslaggen fan juster mist der noch ien. SDS MC1 hat juster syn ynhelwedstryd tsjin de famkes fan Frisia yn Ljouwert mei 2-0 wûn!

Fan herte lokwinske!
Juster by Waterpoort Boys 1 – SDS 1 wie hy noch wedstrydstiper en fotograaf en hjoed is hy jierdei; Henk Bootsma! Fan herte lokwinske!

Ek fan herte lokwinske!
SDS 2 hie juster ek ynhelje kinnen tsjin Lions 2, mar de KNVB hie de wedstryd al fêststeld op tiisdeitejûn 12 april. It is ús no wis wêrom. Lions ’66 bestiet dit wykein 50 jier en hawwe grut feest! Fan herte lokwinske!

Oefene
De ploech fan Marco Hoekstra, Scharnegoutum 1 hat freed efkes oefene tsjin 3e-Klasser QVC 1 en wûn mei mar leafst 6-0………. En dat wylst Scharnegoutum in 5e-Klasser is. Trainer Loet Boot fan de Starumers wie dan ek net sa bliid…….

Wol bliid……
Nijland mei (ûndanks Aaipop) dit Peaskewykein 2 kear ynhelje. Juster mochten sy thús tsjin It Fean ’58. Nijland wûn wer ris mei 1-0. De goal foel yn de alderlêste sekonde….Der waard sels net mear ôftrape…
Moandei mei Nijland 1 om 14.00 oere út tsjin De Wâlde.

Aaipop
Wij binne bliid dat SDS peaskemoandei net hoecht, want ek dit wykein is der wer in Aaipop. Wat er allegear te sjen en te hearen is kinne jim
hjir lêze. Aaipop is altiten al in feessie mar mei it jubileum fan Jitizer (25 jier) noch feestliker.

Harsens derby (1693)
Dizze Belgyske keeper hat dúdlik in stekje los……..
It omgekeerde fan in schwalbe…..





Letter miskien noch wol wat!