SDS-ledengearkomst: SDS op syk nei ‘skriuw(st)er’.

Aginda ledengearkomst SDS woansdei 18 novimber
18 november 2026
Aginda ledengearkomst SDS woansdei 18 novimber
18 november 2026

Woansdeitejûn 18 novimber wie der goed en min nijs op de SDS-ledengearkomst.
Sportyf en finansjeel en mei it stabile ledental liket it goed en der wurdt wurke oan in dúdlijke fisy.
Dat wie it goeie nijs.

Der wie ek min nijs. Der steane namelijk in tal fakatueres iepen.
De wichtigste fakatuere dy’t iepen stiet is dy fan ‘skriuw(st)er(sekretaris)’.
Tryntsje Kooistra-Bouma is nei 7 jier stoppe as skriuwster en it bestjoer fan SDS hat noch net in nije fine kinnen.
As haadbestjoer kinne je net sûnder ‘skriuw(st)er’.
Wa wol?
Lit dy heare!
Foar mear ynfo kinst ek maile nei info@vv-sds.nl.