Weppers woansdei 30-3

Wurd ek lid fan GEKE!
29 maart 2016
Weppers tongersdei 31-3
31 maart 2016

Wurk ek lid fan GEKE!
As je no lid wurde fan enersjykoöperaasje GEKE dan stypje net allinnich SDS en de natoer, mar krije je ek noch de hiele moanne april 30% koarting op LED-lampen by de ACR yn Winsum. Sjoch
hjir en meld je oan.

Daan
Ôfrûne moandei gie Daan Boersma net nei Aaipop, mar nei Betondorp. Wêrom? Daan koe goed mei Johan Cruijff.

Fuotbaldagen
Âld-SDS’er Johannes Tichelman organisearet op 2 en 3 maaie yn Heerenveen fuotbaldagen. Eltsenien fan 7-14 jier mei der oan mei dwaan. Klik op de poster foar mear ynformaasje.

Doelpunten
Wij sitte no mei de 4 seniorenalvetallen en de VR1 op totaal 220 doelpunten. Mei noch in wike as 6 te gean moat it slagje om it totaal fan 2014-2015 foarbij te gean. Doe wiene it 250. It jier earder waarden der 298 doelpunten makke, mar dat wie mei in alvetal mear.

Degradaasjetopper!
SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin Delfstrahuizen 1. In wiere degradaasjetopper. Mocht SDS 1 winne dan soe it samar kinne dat sy 5e fan ûnderen komme te stean. Kom sneon nei Easterein en stypje SDS!

Net 2-6, mar 2-7
SDS 4 wûn sneon net mei 2-6 fan Ljouwerter Sweltsjes 9 sa ’t hjir op de webside stie, mar mei 2-7. De goal dy ’t miste waard makke troch Sytse Hibma.

Frijwilligers
Ôfrûne sneon holp ek de jeugd mei efter de bar yn de kantine. Sa koenen sy moai harren memmen helpe:

Aaipop en Nijland
Al 28 jier grut feest yn Nijlân op peaskemoandei, wêr’t in soad frijwilligers oan meiwurkje út Nijlân. Sa ek Marten van der Kamp, de twadde doelman. Hij stiet altiten wat bierkes te tapjen yn de grutte tinte. Dêr moast hij in ferfanger foar sykje want earste doelman Peter van Dalfsen sit noch mei in blessure. en der moast fuotballe wurde tsjin de Wâlde. Dus waard it in simpele oplossing. Marten yn it doel en Peter oan it biertappen.

Jan Nota op Aaipop
Jan Nota komt sneon 14 maaie by SDS te spyljen en ôfrûne moandei stie hy op Aaipop. De fuotballers fan Nijland 1 stienen by syn optreden yn Nijlân en wienen hiel benijd. “Soe Jan it klupliet fan SDS heare litte?” It muoide de mannen dan ek tige dat Jan dizze bewarre hat foar 14 maaie.

Harsens derby (1694)
Toet, toet!!