Sneon 21-11-2026
20 november 2026Koprinner Tsjalling Sikma pakt mei ‘FC Dronryp’ de wykpriis. En hoe? Mei mar leafst 66 punten bliuwt hy ‘Op Hoop van Zegen’ fan Pieter en Redmer Kamstra 5 punten foar.
Toppers yn Tsjallings team binne dizze wike:
Chavez(AZ) mei 15 punten en Mokio(AJA) mei 13 punten. Al in domper foar Tsjalling is dat Mokio mei in ankelblessure útfallen is.
Opfallend is dat de keeper fan ‘FC Dronryp’ al wiken de nul hat……… Nul punten wolteferstean. Unnerstal(TWE) is blesseard en it liket der net op dat hy foar de winterstop noch punten pakke sil.

Kevin den Haan stiet mei ‘vv Retired’ noch kreas op it twadde plak mar hat ynmiddels al 24 punten efterstân op ‘FC Dronryp’.
De wepmaster mei it stikeltsjehier begie knap oan dizze SDS-League mei in wykpriis, mar hat dêrnei de gang nei ûnderen te pakken krigen. Hy stiet ynmiddels 66e.
It ferskil oan punten tusken it iene en it oare team is by tiden hartstikke grut. Sa pakt Okke van der Kamp mei ‘Brekken Boys’ mar 12 skamele puntsjes.
‘Tomme noch ’n ta’. Durk Okkema stiet noch altiten ûnderoan, mar it kaam moai út dat Vaessen(GRO) skorst wie. Durk komt sels wat tichterby syn konkurrinten. It ferskil mei Frank Bervoets’ ‘Beter Horen’ is noch mar 10 puntsjes.
SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 8


