WK-Weppers

Weppers moandei 9-8
8 augustus 2010
Freule-weppers
10 augustus 2010

Justerjûn Wommelser Kampioenskip-finale

Nei it drege trainingskamp ôfrûne freed yn Kubaard wie eltsenien klear foar de WK-finale. Mei 14 man koenen der moai 2 ploegjes fan 7 makke wurde. It waard úteinlik wyt-read-grien-blau-wyt-mei in fleugje rôze(trochdat der in reade ûnderbroek fan mem by yn ‘e wosk sitten hat) tsjin swart-giel.

Sa skerp as in mes
Dat it op it WK net om spek en beantsjes giet mei dúdlik wêze. Foar de WK-finale wienen de messen dan ek goed skerp slipe:


Winners WK-finale

Nei in spannende finale mei û.o. 4 goals fan Jaap, in eigen goal fan Eeltsje Sikke en in tige skerpe Arjan Posthumus wie it wyt-read-grien-blau-wyt-mei in fleugje rôze(trochdat der in reade ûnderbroek fan mem by yn ‘e wosk sitten hat) dy ’t de finale wûn nei de winnende goal fan Arjan Posthumus út in flugge kounter. Fan herte lokwinske!

3 kear wûn
Juster waard foar de tredde kear in offsjele Wommelser-Kampioenskip-finale ferspile. Der soe dus ek ien wêze kinne dy ’t alle trije keren wûn hat en de beker hâlde mei. As jim it WK goed folge hawwe dan hienen jim witte kinnen dat Eeltsje Sikke Postma juster foar de tredde kear efterelkoar wûn hat. Fan herte lokwinske!

3 kear 2e
Jacob-Klaas liket hieltiten mear in échte Nederlander. Yn ien wike waard hy 3 kear twadde. Earst al twadde op de PC, doe de wedstryd yn Kubaard ferlern en juster op ‘e nij it sulver nei de ferlerne WK-finale.

Kommersje
Ek it WK wurdt hieltiten kommersjeler. Dit die wol bliken út degenen dy ’t de WK-finale oan harren foarby gean lieten om yn it “geheim” gesprekken te fieren mei oare doarpen om dêr yn de takomst te fuotbaljen. Sa siet Ate-Feike de Boer yn Heeg op in luxe-jacht fan ien of oare rike boatsjeman. Jelmer Posthumus wie der ek net wylst alle Nederlanders neffens de berjochten út Afghanistan binne. Neffens ús sit hy by ien of oare oaljesjeik oan de ûnderhannelingstafel.
Gerlof-Jan “Servet” Hofstra en de gebroeders Postma lieten it ek ôfwitte. Fan hearen en sizzen hawwe wy dat sy midden yn Dútslân sitte by ien of oare Dútse sauerkrautmagnaat om in kontrakt te tekenjen.
Ek Tsjipke, Bote en Rudy hienen kontraktbesprekkingen. Sy sieten yn Easterein.
Bram van Beem waard spotten op in boat yn Snits.
Hendrik de Jong wie gewoan oan it wurk by de Sorbo.

Harsens derby(270)
Sa ’t wy wol faker warskôgje. Probearje dit asjeblyft net thús: