Freule-weppers

WK-Weppers
10 augustus 2010
Weppers tongersdei 12-8
12 augustus 2010

SDS 3
Hjir in oantal saken omtrint SDS 3: 
# Nei 2 jier trouwe tsjinst hat Jeroen Wagenaar ôfskied nommen fan syn taak as lieder fan SDS3 en ek as spiler sil er in stapke werom dwaan. Wy wolle him hjirby nochris dank sizze foar al it wurk dat hy fersetten hat en de kearen dat hy foar us nei de bar rûn is om limonade te heljen. 
# Sjoerd van Beem sil him prebearje te ferfangen en dus is it koppel Jan en Sjoerd wer yn eare hersteld. 
# Wy binne op dit stuit dwaande mei allerhande saken omtrint us ploeg, de spilers binne hjir fan op de hichte brocht en as de foartekens us net bedrige, kin it wolris in moai seizoen wurde. 
# Om de omstannichheden foar utmuntende prestaasjes te optimalisearen, binne wy op syk nei in grinsrjochter(m/v), dy’t diel utmeitsje wol fan SDS3.
Sollisitaasjebrief + CV (Sjoerd hat allinne in houtkachel en de beamen binne hast op / Jan syn cavia is dea) kinne stjoerd wurde oan us;
sjoerdvanbeem@hotmail.com en janstenekes@hotmail.com
Groetnis, Jan en Sjoerd.

Oefenje
Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat SDS 1 tongersdeitejûn yn Hearrefean oefenje sil tsjin de nije klup fan Dick Schuurman, VV Heerenveen.

SDS League
Begjin septimber kinne jim hjir wer alles fine om mei te dwaan oan de earste helte fan de SDS League 2010-2011. Jim kinne de teams alfêst besjen, mar der sil noch wol wat feroarje (klik
hjir).

Harsens derby (271)
Wy hoopje net dat de Freule hjoed sa yn it wetter falle sil:



Miskien letter mear!