SDS 1 yn LC
18 mei 2026It is ferrassenderwiis Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronrijp’ dy’t de titel pakt yn de SDS-League. En dit sels sûnder mar ien wykpriis te pakken.
Fan herte lokwinske!
Tsjalling kin wol wat stipe brûke neidat syn klupke FC Dronrijp degradeare is nei de 5e-Klasse en grutte rivaal(en fusypartner) Foarút kampioen wurden is.

Ek Rick Hendriks mei ‘FC SkRicktried’ wit sûnder mar ien wykpriis te winnen dochs knap it twadde plakje te bemachtigjen.
Marcs ‘Hoekstra City’ wist al 2 wykprizen te pakken en úteinlijk in kreas tredde plak.
Mei it prizenjild kinne fêst der hiel wat fjoerwurk keapje foar yn de 3e-Klasse 😉
De drúven binne soer foar Gerwin Sijbesma’s ‘Mighty Mike’. Mar leafst 6 wiken stie hy boppe-oan en pakt ien wykpriis, mar moat it dwaan mei in fjirde priis. It kampioenskip mei SDS 1 sil fêst alles goed meitsje.

Folkert en Tjerk van der Werf binne knap fiifde wurden mei ‘It Reahûster Haagje’ en litte broer en omke Jildert fier efter harren. Mei ‘Goals-Punten-Treffers’ eindigt Jildert 39e.
Bei de famylje Hoekstra kin de flagge wol út. Marc eindigt tredde en syn heit Robert mei ‘Hoekie Boys 74’6e.
Robert docht goeie saken yn de lêste wike. Hy stie namelijk 10e. Mei 54 punten grypt hy mar krekt neist de wykpriis.
Dy is namelijk foar Gearard Posthumus. Hy hat krekt in puntsje mear.
Sy bruorke Jelmer baalt hielendal as in stekker. Mei ‘Postmeister’ komt hy krekt 3 puntsjes te koart.

Gearard yn it middelpunt fan de famylje Posthumus.
‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma hat dik fertsjinnne de SDS-poedelparaplu wûn.
Fanôf wike 3 stie sy ûnderoan en hat dêr net wer wei west.
Wy sille noch efkes sjen hoe as it mei de SDS WK-League komt. Hâld de webside hjir foar yn de gaten.
Yn septimber geane wy sawisa wer los mei in ‘gewoane’ SDS-League.
SDS League 2025-2026 twadde helte wike 12 eindstand


