Wk-weppers snein 13-6

WK-weppers sneon 12-6
12 juni 2010
Stân SDS WK League (8 wedstr.)
14 juni 2010

Brekkend nij(s)! 
(Polygoan stim:) “WAARDE VRINDEN, HET WERELDKAMPIOENSCHAP VOOR LANDENTEAMS TWEEDUIZENDTIEN TE ZUID-AFRIKA STAAT OP HET PUNT VAN BEGINNEN. KOMT ONZE NATIONALE SPELERS ALLEN TEZAMEN AANSCHOUWEN IN UW IMMER FAVORIETE HERBERG DE JIMBAR. U BENT VAN HARTE UITGENODIGD OM DEZE MIETERSE SCHOUWSPELEN MET UW AANWEZIGHEID TE VEREREN!”  
Jimbar: 
Moandei    14-6    NED-DEN 13.30
Sneon       19-6    NED-JAP  13.30 (feesttinte op Terp)
Tongersdei 24-6   KAM-NED 20.30
Snein        11-7    FINALE     20.30

Midsimmercup (1)
SDS waard yn de poulefase útskeakele trochdat sy ferlearen fan Futsal Marum(1-2) en Avanti(6-3). Wol wûn SDS de earste wedstryd fan Stiens(5-2) en de lêste fan Akkrum(6-4). De moaiste goal fan de dei waard makke troch Tsjalling Sikma dy ’t sa passend ôfskie naam fan SDS. Hy sil nei Australië en dêrnei giet hy wer fuotbaljen by Dronryp.

Midsimmercup (2)
SDS kaam juster al efkes mei 2-1 (dy moaie goal fan Tsjalling) mar slagge der net yn om fan Avanti te winnen(3-6). Avanti wie juster erg goed en liet him net gek meitsje troch in efterstân. Ek yn de heale finale tsjin FVC kaam Avanti efter, mar wûnen sy “gewoan” mei 3-2. Yn de finale waard úteinlik mei 4-2 wûn fan Drachtster Boys sadat de Stiensers mei de beker nei hûs ta gienen.

Midsimmercup (3)
Akke Rixt Syzling út Easterein die juster ek wer mei by de froulju fan ONS. Sy slagge der krekt net yn de 1e priis te pakken. Sy waarden 2e nei yn de finale ferlern te hawwen fan Drachtster Boys.

Midsimmercup (4)
Foar Harm Stremler wie it juster net de earste kear dat hy tsjinoer de mannen fan Avanti stie. Foar him is de ferdediging dan ek wol dúdlik tsjin dizze o sa snelle mannen: “Feite do pakst MiepMiep, dan pak ik ZoefZoef”.

Midsimmercup (5)
Al mei al wie der juster dochs noch in priis foar de mannen fan SDS. Nee, sy sieten net as earste oan it bier en sy wienen ek net as lêste út de tinte. Wol hienen sy lykas foarige wike in priis mei de ferlotting. Foarige wike wie it yn Koudum noch in kantsjemeaner no in itentjse yn Marssum.

SDS WK-League
Moarn kinne jim hjir de earste stân fan de SDS WK-League ferwachtsje.

Chili?
Peppi & Kokki hawwe de SDS WK-League ek ynfuld. It blykt plots folle makliker te wêzen dan je earst tinke. “Wa wint? Honduras of Chili?””Chili wint, ropt der ien”. “Wêrom dan?” “Ik bin gek op Chili Con Carne!”

FC Knudde
Wij doarre it hast net oan om opmerkingen oer keepers te meitsjen, mar dogge de stoute sandalen of hege kistjes dochs mar oan. Sa’n aksje fan Green is foer foar
Knudde.

Harsens derby (232)
Nei juster hawwe alle Ingelsen it yniens wer oer de beste keeper fa Ingelân ea, Gordon Banks. Wêrom? Hjirom!