WK weppers en sa 7-7-2026

WK weppers 6-7-2026
6 juli 2026
WK weppers 6-7-2026
6 juli 2026

Hieperdepiep hoeraaaaaaaaaa!

Us Trefferbesoarger en foarhinne lieder en fuotballer by SDS, Theunis Boonstra is moandei 80 jier wurden. Fan herte lokwinske!

SDS WK-League

Johan de 11 van Delfsma hat alles op alles setten om út de ûnderste klassen te kommen troch Portugal en VS op winst te setten…. Dat levere net folle punten op……

Topklasse

Jelte-Pieter is wat útrûn op syn eega Petronella. Hy hie beide winners goed en Petronella ferwachte in lykspul by VS – België.
Legendbrend(en Jaap) Toering docht goeie saken. Hy hat alle winners yn de 8e finales noch goed foarsein. Dat levert in terjochte 3e plak op.
As Colombia moarn fan Switserlân wint dan koe der wolris mear ynsitte foar Legendbrend.

KKN (Klasse krekt net)

Jurjen Eringa is mei in dúdlike opmars dwaande. Syn heit Auke hat der ynmiddels al fier efter him litten en no stoarmet hy de Klasse krekt net yn. Hy giet fan it 24e nei it 14e plak.
Hy hat nei Legendbrend de measte punten yn dizze ronde, mei mar leafst 591 punten.

KOIF (Klasse op it finketou)

Pieter Sijtsma liket fêst ruske op plak 30.

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

Allert gie as in spear, mar hy hie no beide wedstriden hielendal ferkeard foarsein en pakt dus 0 punten.
(J)ongens (I)n (L)esbleus (D)ribbelen (E)nergiek (R)ichting (T)itel(Jildert van der Werf) docht it dizze ronde mei 588 punten hiel knap en makket him op foar Klasse Op It Finketou.

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)

‘Huppaké Melle op naar nummer 1’ kin syn namme foarearst better feroarje nei ‘Huppaké Melle op naar nummer 41………’
Hy hie de gang der sa moai yn, mar mei in 3-1 foar de VS siet hy der flink neist.

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)

Dêr is der dan; de 11 fan Johan Delfsma. Op nûmer 60.
As Argentinië moarn wint en Messi skoort dan ferwachtsje wy Johan moarn yn de Klasse Greideklanken.

KG (Klasse Greideklanken)

Wy hawwe in nije reade lantearndrager!
No ja, nij.
Hy hat der al earder in skoftke mei om rûn mar mei him no wer efkes drage, Tim(othy) Sweering.
Steven van der Pol hie de winner goed by Portugal – Spnaje en de klapper fan de wike; hy hie de útslach goed by VS – België!
Soe hy de ienige west wêze?
Steven hat no de wepmaster sûnder burd ek yn syn fizier, want dy stiet mar 4 puntsjes boppe him.

Harsens derby (2401)

Fuotbalhumor neame se soks. Of eins klaaikeamerhumor.