WK weppers 6-7-2026

WK weppers 5-7-2026
5 juli 2026
WK weppers 5-7-2026
5 juli 2026

Oan de oare kant fan Wommels koenen wy justerjûn let it gejuich fanôf De Lange Baan heare nei de twa goals fan Haaland foar Noorwegen, mar ek by de 2-1 fan Neymar………
Johan Delfsma hie Haaland as topskoarder foarsein, mar ek as útslach 2-1. Dit levert him mar leafst 183 punten op.
Soe hy no eindelijk wat omheech gean yn de SDS WK-League?

U.o. SvenJornSipke Vellenga, Tsjalling Sikmaboys, Jurjen Eringa, Marco Rijpkema, Eeltsje Bootsma, Legendbrend en Jaap Toering, Kerst Hoekstra , Yvonne van Beem United en Johan Delfsma seagen allegear Noorwegen mei 2-1 winnen fan Brazilië en pakke dêrmei al 135 punten.
Allert Turksma en ‘Huppaké Melle (de Boer) op naar nummer 1′ hienen beide Noorwegen op winst, mar de útslach net goed. Dit levere dochs 90 punten op..

De measten hienen Ingelân wol op winst tsjin Mexico en inkelden hienen Harry Kane goed as ’topskoorder’.

Topklasse

Der feroaret mear yn de top 10 as juster, mar de boppeste 2 binne noch altiten it koppeltsje Dijkstra/Tolsma.
Wol komt Petronella wat tichterby. It ferskil is no noch mar 28 punten.
Legendbrend en Jaap Toering dogge it oant no ta it best yn dizze ronde fan de top 10. Dat belooft noch wat.
Grietzen Broersma wie it wer efkes kwyt. Hy hie fan dizze twa wedstriden neat goed.

KKN (Klasse krekt net)

Tom Wijnia hat sa de senuwen fan de SDS WK-League dat der fanôf freed hast allinnich mar op it húske sitten hat.
Hjir troch binne de foarsizzingen foar de lêste 2 wedstriden yn dizze ronde der wol by yn skiten……… eeeeeeeeeuh sjitten.

Postmeister en Bouma Keatsebaen Utd pakke hielendal gjin punten en sakje fan de Topklasse nei de KKN.
Jurjen Eringa hat de smaak aardich te pakken en hat al 501 punten dizze ronde. Syn heit Auke Eringa hat it neisjen.

KOIF (Klasse op it finketou)

Allert Turksma docht it mar knap yn dizze ronde. Fan de fjouwer wedstriden hat hy oant no ta alle winners goed en Mbappé, Haaland en Kane skoorden foar him.

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

Foar Frank Bervoets wie Jude Bellingham de man. Hy skoorde twa kear. Dy punten kin Frank wol brûke.

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)

Wat wie Johan 11 van Delf-sma bliid dat hy safolle punten pakte by Brazilië – Noorwegen, mar as je ferfolgens Mexico op winst hawwe dan binne je alles wer kwyt.
Hy stie efkes 44e, mar no wer gewoan 50e.

Opfallend is de opmars fan Yvonne van Beem United. Sûnt wy bekend makke hawwe dat de poedelpriis in LP fan de Greideklanken is siket sy it hegerop. Nei Allert Turksma en Jurjen Eringa hat sy de measte punten oant no ta yn dizze ronde. Soe se gjin platenspiler hawwe?

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)

TeadedB rekket it sicht op soan Hupaké Melle op nummer 1 wat kwyt en mei him no wer soargen meitsje oer de opmars fan syn grutte broer karAte. It ferskil is noch mar 62 puntsjes.

KG (Klasse Greideklanken)

De doelpunten fan Haaland en Kane soargje der foar dat de wepmaster sûnder burd mei Forza SDS Tim(othy) Sweering wer foarby is.
Foar sa lang it duorret…..
Steven van der Pol stiet noch altiten mei de reade lantearn.

Ozzy

Sommigen freegje harren miskien wol ôf, wa is dy Ozzy?
At je AI dêr op los litte dan krije je dit

AI is wat efter mei ynformaasje, want Ozzy wennet al in jier yn Winsum en troch in skouderblessure keatst hy net mear.

Harsens derby (2400)

Lokkich genôch hat Peter Crouch syn harsens der altiten by. 😉