WK weppers en sa 7-7-2026
7 juli 2026Toppers fan de 8e finales
De 3e ronde sit der op yn de SDS WK-League.
(J)ongens (I)n (L)esbleus (D)ribbelen (E)nergiek (R)ichting (T)itel(Jildert van der Werf) helle de measte punten. Alle winners hie hy goed útsein Brazilië – Noorwegen. Dy hie hy op 1-1.
Dêrneist hie hy 2 útslaggen hielendal goed foarsein.
Legendbrend(en Jaap) hie allinnich Switserlân – Colombia net goed. Hy gokte op 2-1 foar Colombia. Dêrneist hie hy 1 útslach goed foarsein.

Floppers fan de 8e finales
Tsjisse(Tjitse) Postma hat dúdlik al syn krûd fersketten op Rock Werchter. Hy miste dan ek 3 wedstriden yn syn foarsizzingen……
Sir Folkert van der Werf docht it net folle better en sil it wol te hearen krije fan syn broer Jildert.

Topklasse
De top 10 bliuwt sa goed as lyk as juster.
Jelte-Pieter stiet al in wike boppeoan en eega Petronella folget kreas.
Legendbrend sit yn de toopklasse op it finketou.

KKN (Klasse krekt net)
Jurjen Eringa hat mar ien doel en dat is syn heit Auke ynhelje. It ferskil is noch 51 punten.

KOIF (Klasse op it finketou)
Tom Wijnia is krekt hersteld fan in heale wike liifrinnen en ferwachtsje wy in pear kilo lichter en gau wer yn in klasse heger.
Pieter Sijtsma is fêst ruske op plak 30.

KGM (Klasse Grize Middenmoat)
Ajarnox fan Bas van der Weij die it dizze ronde hielendal net sa gek mei in dield 8e plak, mar it levert him noch mar in 35e plak op.

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)
‘Huppaké Melle op naar nummer 1’ hie de 4e heechste skore dizze ronde, mar dêr keapet der net folle foar.
Al is it foar him al genôch as hy boppe syn heit Teade de Boer(TdB) en omke KarAte(58e stiet).

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)
Hendrik ‘Ozzy’ Eringa giet de kwartfinales yn op plak 60. En dat op syn jierdei!
Fan herte lokwinske! Mei sawol de jierdei as it 60e plak.
Sa heech hat hy neffens ús noch net stien.
Soe hy ek 60 jier wurden wêze?

KG (Klasse Greideklanken)
Johan 11 van Delfsma siet der net fier neist. 2-2 hie hy foarsein by Argentinië – Egyote. Mar ja…… it waard noch 3-2.
En hy hat Messi net by syn topskoorders stean.
Dat betsjut in plak yn Klasse Greideklanken.
Tim(othy) Sweering giet de kwartfinales yn as reade lantearndrager.

De hakbile
De hakbile leit foar de folgende fase op tongersdei 9 juli om 22.00 oere
Der binne oant no ta 4 dy’t net mear meidogge.
Wa ’t neat ynfuld kin de poedelpriis net winne.
Je krije yn de folgende ronde al mear punten:
180 punten by in goed rissultaat
120 punten by in goeie toto
De topskoorders krije ek mear punten as sy skore.
Tuskenevaluaasje
Dit is de earste kear dat wy de SDS WK-League fia Scorito dogge.
It komité fan de WK-League hat om tafel west foar in tuskenevaluaasje.
In konklúsje is dat wy efterôf better prizen beskikber stelle koenen foar lju dy’t in ronde winne. In soartefan wykpriis sis mar.
Dêrneist is it wol moai dat wy no net folle wurk hân hawwe fan it ynfieren fan alle foarsizzingen.
Wol is it spitich dat je net makkelijk sjen kinne wat elkenien ynfuld hat. Elkenien moatte je dan stik foar stik by del.
Ek is it ferrassingselemint in bytsje fuort. As je ien kear by de ûnderste 20 steane dan komme je hjir hast net wer wei.
Op nei de kwartfinales
De wepmaster sûnder burd hat spesjaal foar de SDS WK-League alle wedstriden yn de 8e finales(mei in heal each) sjoen. Sa koe hy eltse kear gau mei de nijste stân komme.
No is de wepmaster mei koart hier wer oan de beurt. Wy ferwachtsje dat hy no alle kwartfinales sjen giet.
Prizenjild
Moarn sette wy hjir op de webside hoe ’t wy it mei it prizenjild dogge.
Harsens derby (2402)
Handich sa ’n flagge.
This happened before the Mexico v England game last night… 😂👏 pic.twitter.com/u1c7e17Zru
— Football Away Days (@FBAwayDays) July 6, 2026


