WK weppers 5-7-2026

WK weppers 4-7-2026
4 juli 2026
WK weppers 4-7-2026
4 juli 2026

Oer de nijste stân kinne wy koart wêze. Der is sa goed as neat feroare.
De top 16 bliuwe itselde.
De earste 16 yn de SDS WK-League hienen allegear 204 punten.
Mei oare wurden allegear Marokko en Frankryk op winst en Mbappé as doelpuntenmakker.

Topklasse

Barteljaap Balneger(Pier de Boer), Arnout Meijer, Paul Reitsma, Wietse van der Wal, Jildert van der Werf en FC Leiden(Wouter Develing) hienen de útslach fan Canada – Marokko goed foarsein en Mbappé as doelpuntenmakker. Sy krije allegear 249 punten.
Allert  Turksma hie de útslach fan Paraguay – Frankryk goed foarsein en Mbappé as doelpuntenmakker. Ek hy krijt 249 punten.

KG (Klasse Greideklanken)

De 11 fan (Johan) Delf(sma) en Tim(othy) Sweering hienen beide 225 punten. Sy hienen de útslach fan Canada – Marokko goed foarsein en Frankryk as winner.
Dat betsjut dat Johan noch moai ynde KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)bliuwt en dat Tim in plakje omheech giet.
Oars net sa slim, mar dat betsjut dat de wepmaster sûnder burd noch mar ien plakje fan de reade lantearn ôf stiet.
Hy hat noch mar 67 puntsjes foarsprong op nûmer lêst Steven van der Pol…….

Prizenjild

Nei it wykein meitsje wy bekend hoe ’t wy it mei it prizenjild fan doel binne te dwaan. Der moatte noch 4 lju betelje.

Harsens derby (2399)

By Ghana – Colombia seagen wy jajuster in âlde bekende op de tribune. Koenen jim him noch? Hy hie noch deselde kapper: René Higuita. De man fan dé Scorpion Kick.