WK weppers 3-7-2026
3 juli 2026Topklasse
It koppeltsje Dijkstra/Tolsma set stadich troch en steane noch altiten ien en twa.
Grietzen Broersma hie ek wer ris in goeie dei. Hy giet fan it 10e nei it 4e plak.
Hy hie de útslaggen fan Australië – Egypte en Colombia – Ghana hielendal goed, Argentinië op winst en noch bonuspunten foar de goal fan Messi.
Yn it Antonius Sikenhûs stiet Grietzen no op in 3e plak.
At wij nei de top 10 sjogge, dan falt op dat wij dêr wol de selde nammen hieltyd sjogge. Se wikselje wat fan posysje, mar bliuwe Topklasse

KKN (Klasse krekt net)
Sûnt de koach fan Kruisband FC (Jesse) werom is nei 2 wiken Noorwegen sakket de temperatuer hjir like hurd as hy fannacht op de ranglist. Hy sakket 5 plakken.
Triatleet Tom hat ek al ris flinke stappen makke nei boppen mar is mooglik wat te fluch fan start gien en moat dat no belije mei in earste plakje yn de KKN

KOIF (Klasse op it finketou)
Pieter Sijtsma hat de gang te pakken. Hy giet fan it 38e nei it 30e plak.

KGM (Klasse Grize Middenmoat)
Tsjisse (Tjitse Postma) strúnt 4 dagen op Rock Werchter om en dat liket syn posysje yn de SDS WK-League goed te dwaan. Hy giet samar 8 plakken omheech. No mar hoopje dat hy hjoed net ferjit om de folgende foarsizzingen te dwaan.

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)
Foar Luuk07(Meijer) wurdt it no billenknipen yn de Klasse Leger Wolle Je Net. Hy sakket fan 43 nei 50 en hinget tsjin de ûnderste klassen oan.

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)
KarAte(Feike de Boer) is grutsk op syn 51e plak sa lang as hy mar boppe omkesizzer ‘Hupaké Melle op naar nummer 1’ stiet.

KG(Klasse Greideklanken)
Steven van der Pol nimt it gouden elpee-plak wer oer fan Timothy(Sweering). It like der efkes op dat hy oer Tim noch mear ôfstân nimme soe. Ommers Martinez skoorde by Argentinië en dat soe Tim punten opleverje. It wie allinnich de oare Martinez……
Soenen Forza SDS(de wepmaster sûnder burd) en Ozzy(de Spannumer sûnder hier) harren noch mear yn de striid minge wolle om de poedel-LP?
De LP soe wol tige moai yn harren kolleksjes passe.

Fase oersicht
Wij binne troch dizze fase hinne (16 wedstriden) en sjogge efkes nei dy rangskikking.
De lêste kolom jout it oantal punten oan yn dizze fase.
Jelte-Pieter wie ek doe de beste…
Folgjende fase
Jûn om 19.00 oere begjint fase 3.
Beste dielnimmers ful de útslagen fan dy 8 wedstriden foar dy tiid yn.
Jim meie ek wer 4 topskoarders beneame.
Prizenjild
Nei it wykein meitsje wy bekend hoe ’t wy it mei it prizenjild fan doel binne te dwaan. Hast elkenien hat no betelle.
Harsens derby (2398)
It sil je gebeure……
Ainda bem que isso não aconteceu na Copa Masculina, se não ia dar uma choradeira…pic.twitter.com/qXew1liqOI
— Kevin Nicolas (@KevinNicolasPF1) July 3, 2026



