WK weppers 3-7-2026

WK weppers 2-7-2026
2 juli 2026
WK weppers 2-7-2026
2 juli 2026

Topklasse

It koppeltsje Dijkstra/Tolsma is sa net by te hâlden fansels.
By alle 3 wedstriden fan fannacht en juster hienen sy de goeie winner foarsein.

Eeltje hie ek in goeie dei. Hij stiet warimpel op in podiumplak

KKN (Klasse krekt net)

 

KoiF (Klasse op it finketou)

 

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

 

KNBN

 

KKNM

KG (Klasse Greideklanken)

Timothy of Steven, it is in fûleindige striid. No is it wer Tim dyt’ de gouden elpee hast yn hannen hat.
Of soene Forza SDS en Ozzy harren noch yn de striid minge

Folgjende fase

Sneontejûn om 19.00 oere begjint fase 3.
Beste dielnimmers ful de útslagen fan dy 8 wedstriden foar dy tiid yn.
Jim meie ek wer 4 topskoarders beneame.
Jim kinne no alfêst in begjin meitsje troch de earste kwartfinales te foarsizzen.

Prizenjild

Wy kinne no hast bekend meitsje hoe ’t wy it mei it prizenjild fan doel binne te dwaan. Der binne noch mar 4 lju dy’t betelje moatte. Dy hawwe allegear in Tikkie krigen.

Fan JO nei O

De KNVB hat wer ris wat feroare. Wêr ’t jeugdteams oant ferline wike noch ‘JO(jeugd onder)’ neamd waard wurdt it no gewoan ‘O(onder)’. Dit om betizing te foarkommen. Sommigen tochten dat JO namelijk foar ‘Jongens Onder’ stie en net ‘Jeugd Onder’. De JO19 wurdt dus no O19. By O-teams meie sawol jongens as famkes meidwaan. By MO-teams allinnich famkes.

Giele kaart is sitte

De KNVB hat betocht dat as je yn de beker in giele kaart krije je 10 minuten fan it fjild moatte. Dit jild no allinnich noch yn de beker, mar it doel is it om dit yn de takomst ek yn de kompetysje te dwaan. It soe neffens ûndersyk en sifers minder giele kaarten opleverje en it fuotbaljen sportiver meitsje en minder agresje opwekke.

Harsens derby (2397)

Hahahahahahahahahahahaharry Kane……