WK-wepperkes -woansdei-

WK nei 56 wedstriden
27 juni 2006
Wepperkes -freed-
30 juni 2006

Blokje om
Aant Hofstra stiet boppe-oan yn de SDS WK-League. Hy sil hjir allinne net folle fan mei krije. Hy leit op de fyts en rydt mei de frou 3 wiken lang in blokje om. Hy sil no yn Dútslân sitte. Hy komt dus pas nei de WK-finale wer thús. Wy nimme oan dat hy dan al lang fan dat earste plak ôf is. No stiet hy yn elts gefal oan ’t freed 19.00 op it earste plak.

Op ‘e Terp
It fuotbalfjild yn Wommels liket tiisdeitejûns mear op in keatslân. Bondstrainers fan de KNKB soargje derfoar dat sy 2 perken sa midden op it fjild dellizze dat der net fuotballe wurde kin. Lokkich genôch is der yn Wommels ek noch in Terp om op te fuotbaljen.

Drokte
It wie justerjûn aardich drok op de Terp. Mar leafst 18 man wienen dêr te fuotbaljen. It waard úteinlik in oerwinning foar swart(Ate-Feike, Erik, Willem, Hendrik E., Ralph, Sjoerd R., Jan, Wesley en Hendrik de Jong) nei “sudden death”. Foar wyt spilen Akke-Rixt, Jacob-Klaas, Mark, Henk, Johan, Anne, Gerlof-Jan, Eeltsje  en Rudy.

Skouten
Der waard juster drok skouten op de Terp. Sawol Marcel Frankena as Anne Brouwer wienen op de Terp oandachtich taskôger.

WK-drokte?
Yn de Jimbar wie it sneintejûn mei Nederlân-Portugal net al te drok. In kertier foar it begjin fan de wedstryd foel it byld fuort en de drokke Jimbar rûgele stadich oan leech nei it Reade Hynder wêr ’t gjin snie yn byld wie. Sjoerd Rispens hie syn bier noch net op en bleaun sitten. Syn stadige drinken waard beleane. Om fiif foar njoggenen sprong it byld wer oan. Hy wie dêrmei 1 fan de 4 dy ’t de wedstryd yn de Jimbar folge hawwe.

WK(Wommelser Kampioenskip)
Tongersdeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. As it goed is wurdt der no wol op it fuotbalfjild fuotballe.

WK kwartette


W(K)âldrock
Foar degenen dy efkes bekomme wolle fan it WK-fuotbal is der sneon Wâldrock yn Burgum. Efkes it hier los, de fuotsjes fan de flier en hollebatse. Klik hjir om te sjen welke bands as der komme.

WK-nijs
Hawwe jim noch nijtsjes mail se dan nei info@vv-sds.nl!