Wepperkes -freed-

WK-wepperkes -woansdei-
27 juni 2006
WK nei 57 wedstriden
30 juni 2006

SDS WK League
Nei de wedstryd tusken Argentinië en Dútslân fanmiddei meitsje wy de nije stân wer op. Dit sil rûn in oer as 19.00 wêze(as der gjin ferlengings komme).

Wurdt it Dútslân?
Der binne mar 9 dielnimmers yn de SDS WK-League dy ’t fanmiddei fertrouen hawwe yn in goed rissultaat foar de Dútsers. 4 hjirfan sjogge Dútslân ek yn de finale kommen. Jacob Plantinga is de ienige dy ’t de Dútsers yn Berlyn mei de wereldkup stean sjogge.

It sil dochs net wer?

Of wurdt it Argentinië?

Der binne mar leafst 35 dielnimmers yn de SDS WK-League dy ’t fanmiddei fertrouen hawwe yn in goed rissultaat foar de Argentijnen. 15 hjirfan sjogge Dútslân ek yn de finale kommen. Yn in Wereldbeker foar Argentinië leauwe mar 5 dielnimmers.

Dit liket net sa gek!

Kompetysje-yndielingen?
Wy hawwe lêzen op de webside fan vv ONT dat de kompetysje-yndielingen noch wol efkes op harren wachtsje litte(útsein SDS 1). Pas op 21 july komt it nije KNVB-bledsje út. Hjir komme de nije yndielingen yn te stean. Op de ynternetside fan de KNVB sil it inkelde dagen earder al stean. Wy hâlde jim op de hichte.

Bekeryndieling
De bekeryndieling fan SDS 1 moat bekend wêze. Allinne net by ús. Wa mailt him nei info@vv-sds.nl?
De bekerwedstriden binne yn elts gefal op sneon 19, tiisdei 22 en sneon 26 augustus.

WK(Wommelser Kampioenskip)
Justerjûn waard der wer fuotballe op it fuotbalfjild(of is it in keatsfjild?) yn Wommels. Der wienen 10 man/frou. It waard úteinlik in lytse oerwinning foar wyt(Akke-Rixt, Ate-Feike, Gerlof-Jan, Ralph en Willem). Sy wûnen fan blau-geel-brún(Mark, Henk, Rudy, Jelte en Pieter K.).

WK-fraach
Dit binne op dit momint de 2 boppesten yn de rige fan WK-topskoorders:
1. Ronaldo mei 15 goals
2. Gerd Müller 14 goals
Welke Nederlânder stiet it heechst yn de list fan WK-topskoorders en hoefolle goals hat hy makke?
Mail it nei info@vv-sds.nl!
(Mei tank oan DDR)

SDS’ers op it WK?

Herkenne jim dizze 3 broers? Binne it de Hiemstra’s of de Postma’s?