WK-wepperkes

Wk nei 49 wedstriden
24 juni 2006
WK nei 50 wedstriden
25 juni 2006

In nije goeie spits
Dat geseur oer Huntelaar dat moat mar ris útwêze fine wij. Dan kinne wij ek wol om oare spitsen seure. Bijgelyks dit grutte talint Trijntsje 25

Wa stiet no boppeoan?
Namkje Koudenburg fynt it fansels net leuk dat se (efkes) ûnderoan stiet. Sij neamt harsels dêrom ek listtriuwster. Sij sit er lykwols noch mear oer yn hoe’t it kin dat Carla no krekt boppeoan stiet. Wij krigen it folgende berjocht:

Wy wienen benijd wa’t it brein achter dizze koprinnende frou wie, sjoen ’t feit dat froulju bekind stean om hun matich oant gjin ferstân fan fuotbal.. (ik kin ’t witte..)
Nei ienich ûndersyk blykt inderdaad dat dizze “koprinner” net har eigen league ynfuld hat.
Hjir ’n foto fan ’t brein achter dizze nûmer ien: dochter Elbrich

al fuotbalpaginaatsjes útpluuzjend: dochs in frou!
Groet! de listtriuwer, Namkje.

Efkes foarútsjen
Mocht Argentinie jûn troch gean dan sil der net folle feroarje yn de stân. Mar at Mexico troch giet dan binne Bauke Jan Plantinga, Lisanne van Dijk en Hendrik de Jong spekkeaper. Wij binne benijd.

Giet Nederlân toch?
5 dielnimmers sjogge it net sitten dat Nederlân de kwartfinales hellet. Jacob en Bauke-Jan Plantinga, Richt Folkerts, Bas van der Weij en Namkje Koudenburg hawwe harren jild ergens oars op ynsetten.

Giet Portugal troch?
Der binne mar 7 dielnimmers dy ’t Portugal yn de kwartfinales sjogge.

Doelpuntefestijn?
Namkje Koudenburg en Jelle de Boer ferwachtsje aardich wat goals by Portugal-Nederlân. Namkje giet foar 4-2 en Jelle foar 2-4.

Wa wurdt topskoorder?
De kâns wurdt hieltiten grutter dat der in Dútser is dy ’t topskoorder fan it toernoai wurdt. Klose hat der al 4 en Podolski stiet op 3. Mar ien dielnimmer yn de SDS WK League tinkt dat der in Dútser mei dizze ear striken giet. Jacob Plantinga hat allinne syn D-Marken ynsetten op ……Ballack.