WK-finale

Weppers tiisdei 9-8
8 augustus 2011
Freuleweppers
9 augustus 2011



Wommelser Kampioenskip Finale 9 augustus 2011

Bedankt!

Foardat ik dit figurale ferslach útein set woe ik alderearst graach it publyk bedanke foar harren geweldige stipe fanôf de side by dizze finale! In stipe die gewoan waard trochset yn de meastentiids katastrofale buien foar publyk. Chapeau!

Tarieding

Senuweftich is tink ik it goeie wurd om it finale gefoel te beskriuwen. Dit is eins wer je it hiele jier foar fuotballe hawwe, werfoar je op Bootcamp gean, werfoar je it hiele jier dat lêste bierke stean litte en werfoar de Jumbo spesjaal om 8 oere jûns slút. In kertier foar oanfang kaam Jaap de Blauw noch mei in telefoanysk bedank wurd foar it feit dat de Wommelser spilers fan de earste seleksje flymskerp wienen. Nei dat ik koart útleind hie hoe san Bootcamp wurket besletten we it gesprek mei sukseswinsken oer en wer. Dat it WK harren spilers hie ôfstien foar de iepeningstraining fan SDS hie foarnamelik te meitsjen mei dat dizze spilers op nivo wienen. Der wie gjin direkte progressy mear te meitsjen omdat de “gap” foar in grut diel ticht wie en de sprekwurdelike “bar” op in akseptabel nivo lei foar dizze spilers.

Sa as gebrûklik wurd de finale fuotballe op de Terp. De Terp wurd dan altyd in dei fan te foaren kreas meand troch de B&W fan Littenseradiel sadat der optimaal fuotballe kin wurde. De toiletten en de catering stienen alwer te plak sadat it yn grutte getallen opkame publyk koe wurden foarsjen yn harren behoeften. Alle yngrediïnten wienen oanwêzich foar spatterjende finale. Wat foel der dizze finale edysje op?

– Willem W. hie him skeart foar de finale

– Remco B. wol graach publyksleafling wêze en nimt derom syn eigen publyk mei.

– Gert Jan H. fergelike de WK finale mei de slach om Waterloo.

– Stie Igor K. no echt ûnder de wedstriid te twitterjen?

– Bram v. B. hat gjin momint de hannen op de rêch han..serieuze business san Finale

– Ate F. de B. hie de twa kratten bier mei..dat wie ek syn ienige ynbring.

– Paolo di Silva Ramos Sergio Juan de Pantaloffi hat in heech swangere frou

– Elger G. ergere him oan de twa minsken mei in Feyenoord shirt oan yn syn team

– Servet nimt altyd twa pear skuon mei nei de finale.

– Douwe de B. wie al ûntploft foardat de winnende goal wie begonnen

– Martijn R. is op siik nei minsken die foto’s hawwe makke fan syn memorabele momint.

– Bote S. de earste bûtenlanner op de WK finale

– Rudy D. wist it goal net te reitsjen mei syn bûtenkantsje

– Sytse H. hie middeis net dat bierke yn Wâldsein nimme moaten.

– Hendrik E. sil analysearre, recupearje, evaluearre, meditearje om sa it ferlies te ferwurkjen.

– In 8 kilo lichtere(fergeliking start WK)Eeltsje Sikke hie it meast lûtrjochtere publyk mei

Team Donker

Remco B., Paolo, Douwe de B., Bote S., Eeltsje Sikke, Hendrik E., Gert Jan H. en Rudy D.

Team Ljocht

Willem W., Elger G., Servet, Ate F. de B., Igor K., Martijn R., Bram v. B. en Sytse H.

De wedstriid

Team Ljocht hie gjin lêst fan de druk en gie foarútfarrend út de startblokken . Nei dat sei op in foarsprong fan 4-0 kaam wienen waard Team Donker wekker. Mei troch de oerweldigjende oanfitering fan Pyt Postma fanôf de sydline fûn Team Donker nije kreft. De nije kreft waard fersterke troch in beste reinbui die it spul fan team Donker like te befoarderjen. De efterstân waard al snel omkeart yn in foarsprong fan mar leafst 6-4. Alle eleminten wienen oanwêzich yn dizze finale om fan de winnende goal in fantastieske sjo fan te meitsjen. Mei de stân fan 6-4 kaam der in binende oerienkomst ta stân tusken beide teams om foar de winnende goal te fuotbaljen. Team Ljocht like op foarhân, nei san mentale dreun, kânsleas foar de oerwinning, mar ta de ferbazing fan eltsenien liten sei in gigantyske fearkrêft sjin. Team Donker stie swier ûnder druk en kaam eins net mear ta fuotbaljen ta. It neadlot sloech ta nei in 10 minuten fuotbaljen, in goeie aksje fan Ate F. de B. soarge derfoar dat Martijn R. foar it goal kaam. Dizze lêst neamde liet in koelbloedichheid sjin wer sels de gemiddelde iisbear bang fan wurd. Nei in izige stilte kaam it besef bij de spilers..de winnende goal wie fallen..it wie oer. Team donker stoarten har as kollektyf op de grûn en sei waarden en snel oerrûn troch in jûchjend team Ljocht. Triennen floeiden oan beide kanten en eltsenien liet de emoasjes sûnder ienige restriksjes op de frij rin gean. Nei dit, foar it publyk, skitterjende skouspul wie it tiid om in lyts bierke te dwaan en nei te praten.

Sa as in wiis man ea betocht hat; oan al it goeds komt in ein. Sa ek it Wommelser Kampioenskip fan it jier 2011. Der stean in protte plannen op papier foar de edysje fan 2012. Der is in jild pot makke om sa te fersjin yn ekstra attributen foar it WK fan 2012. Hoe dit besteed sil wurden, wurd besprutsen op de ledefergadering medio Desimber dit jier.

Mei rêst allinnich noch om eltsenien te bedanken foar harren geweldige ynset dit jier. In jier wer we in rekordoantal spilers hienen, in jier sûnder al tefolle blessearje spilers, in jier mei in oerweldigjende Bootcamp, in jier wer sawat alle edysjes binne troch gien en in jier wer it plezier wer heech yn it faandel stie. Ik sjoch graach eltsenien werom op it Wommelser Kampioenskip fan 2012!

Nimmens it WK Bestjoer,

Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof