Weppers moandei 11-5-2026
11 mei 2026Nei Thys Bruinsma mei ‘FC Lollum pakt ek Enne Bruinsma mei ‘FC De Omropper’ syn tredde wykpriis. Dit kear mei him diele mei Folkert & Tjerk van der Werf fan ‘It Reahúster Haagje’. Beide hienen 54 punten. Krekt twa puntsjes mear as Kevin den Haans ‘Piebe’.

Gerwin Sijbesma stiet noch altiten boppe-oan mei ‘Mighty Mike’, mar it ferskil mei de rest wurdt no wol hiel lyts.
Mei noch ien wike te gean stiet Marcs ‘Hoekstra City’ no noch mar op 5 puntsjes, ‘FC SkRicktried’ fan Rick Hendriks op 9 en Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronryp’ op 18 punten.
De jeugd hat dúdlik de takomst.
Marc stiet in ein foar heit Robert Hoekstra.
Folkert en Tjerk boppe broer en omke Jildert van der Werf.
Melle stiet boppe heit Teade de Boer en fansels fier boppe omke Ate (omke Jaap telle wy dizze kear efkes net mei…).
Tim en Fenna Sweering boppe heit Hendrik Sweering.
Dirk en Mika de Jong boppe broer en omke Hendrik.
Jelte-Pieter boppe broer Bauke Dijkstra
Brend boppe heit Jaap Toering.
‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager en kinne wy de SDS-poedelparaplu no hast wol fêst bringe.
Ate-Feike de Boers ‘DJ Dieter’ stiet noch it tichtste by, mar ynmiddels al op in respektabele foarsprong fan 120 punten.
Nije wike komme wy mei de einstân fan de SDS-League.


