
Sneon mei de bus nei Tollebeek 1 – SDS 1. Jou dy no op foar bus 2.
13 mei 2026
Moandei 18 maaie proeftraining foar famkes by SDS
15 mei 2026vv Tollebeek 1 – SDS 1 (14.30 oere)
De kampioenswedstriid foar SDS 1 en foar vv Tollebeek 1 ek in wedstriid dy’t der om giet.
Mei stipe fan twa bussen supporters hope wij dat it goed komt.
Seleksje:
Mark
Sven
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jelte-Pieter
Wiebe
Robin
Gerbrand
Matthijs
Pieter
Wytze
Daniel
Ate
Jelmer
Kees
Scenario’s (2)
Mei noch ien wedstriid te gean yn de 4e-Klasse A binne der noch altiten ferskeidene scenario’s te betinken.
It kin noch altiten ferskeidene kanten op, mar nei sneon is der sawisa in kampioen.
Wêr ’t der yn it ferline in beslissingswedstriid kaam nei in lykense stân telt no it doelsaldo.
Sa moast SDS 1 yn 2004 in beslissingswedstriid yn Ljouwert spylje op 5 maaie tsjin Be Quick Dokkum nei’t beide klups mei like folle punten op kop eindigen.
SDS kampioen
As SDS 1 wint dan binne sy kampioen. Mocht sawol SDS lykspylje as Creil/Bant – Heeg lyk eindigje dan is SDS kampioen.
Creil/Bant kampioen
Mocht SDS ferlieze en Creil/Bant winne dan is Creil/Bant kampioen. Mocht SDS lykspylje en Creil/Bant wint dan is Creil/Bant ek kampioen.
Sleat kampioen
Mochten sawol SDS as Creil/Bant ferlieze en Sleat wint fan NOK dan is Sleat kampioen.
Scenario (3)
Mocht SDS 1 it no sneon net rêde om kampioen te wurden en twadde wurde yn de kompetysje dan moat SDS 1 sneon 30 maaie los yn de neikompetysje.
SDS 1 – vv Oosterlittens 1 soe dan in hiel reëel scenario wêze.
Of SDS 1 – sc Franeker 1.
Scenario (4)
Mocht SDS 1 no sneon ferlieze en as tredde eindigje dan mei SDS 30 maaie los yn de neikompetysje yn in útwedstriid.
Nijland 1 – SDS 1 soe dan in hiel reëel scenario wêze.
Slotoffensief
Op Slottoffensief.nl stiet in nijsgjirrich petear mei de trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma. Jim kinne it hjir lêze.

FVC 3 – SDS 2 (17.30 oere)
Op in ûnmooglike tiid moat SDS 2 de punten besykje te pakken tsjin FVC 3 dat iets heger stiet op de ranglist.
Seleksje: –
SDS 3 – Bakhuizen 2 (14.30 oere)
SDS 3 stiet op plak 8 en Bakhuizen 2 op plak 7. Mei in thúswedstriid as foardiel sjogge wij SDS 3 winnen.
Seleksje: dy is ûnderweis
SDS 4 – GAVC 3 (14.30 oere)
SDS 4 kin noch wol wat punten brûke om bij de ûnderste trije op de ranglist wei te kommen.
GAVC docht mei yn de top. Mei oare wurden der lizze kânsen.
Seleksje: –
Frijwilligersmiddei
Op snein 31 maaie organisearet de Skoalleseize in frijwilligersmiddei. It begjint om 15.30 oere.

11-stêdentocht
Jildert van der Werf fan SDS 4 is op it stuit dwaande om de 11-stêdentocht te rinnen. Hy hat der ynmiddels nei 4 dagen al 180 kilometer op sitten en mei moarn de lêste 30 rinne.
Hjirby ús kompliminten alfêst.

Harsens derby (2386)
It wie woansdeitejûn min waar by SDS/Nijland JO19-1 tsjin SVM. En dan wie noch it gelok dat de wedstriid op keunstgers wie. op gers wie it al gau ôflast. Yn de jierren 70 yn Ingelân joechen sy dêr neat om. Der moast altiten fuotballe wurde.
Me crucé con este video del fútbol inglés en los 70 y no podía no compartirlo 😮💨🏴pic.twitter.com/6FbUi48PwH
— Fodbold World (@fodboldword) May 14, 2026


