Weppers tiisdei 9-8

SDS 1 seal
8 augustus 2011
WK-finale
9 augustus 2011

SDS B1 giet ek los
Vrijdag 12 augustus beginnen we met de selectie van B1 aan het nieuwe seizoen.
We trainen om 19.00 uur.
Groeten trainers en leiders B1

Goed
It gerucht dat wij opfongen dat de A-seleksje juster mei trainen begjinne soe, is útkommen. Hoe’t it fierdere programma der út sjocht, besykje wij ek fia it geruchtesirkwi binnen te krijen.

Befestiging
Wij krije de offisjele befestiging fan Marco Hoekstra dat de A-seleksje jûn ek trene sil. It begjint om 19.00 oere. Tagelyk ha wij no it foarútsicht dat wij yn it besit komme kinne fan it folsleine programma.

Ate F

Wat der yn de kratsjes sit, dat witte wij wol. Wat der yn de pûde sit kinne wij nei riede. Mar wij tinke wol dat der ien dielnimmer fan it WK foaral belangstelling hie foar de pûde.  Moai om dêrmei oer de Terp te rinnen nei de Jumbo.


South-Park SDS’ers(28)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Hjir “lekker ite mei Mark Postma” fan (hoe kin it ek oars) Hendrik de Jong:

 
SDS League
Foar wa ’t no al stiet te springen om in team te meitsjen foar de SDS League kin
hjir fêst los. De spilers foar de échte SDS League kinne jim pas nei 1 septimber hjir op de webside fine as alle transfers rûn binne.

Transfernijs(16)
De Eredivisie is los, mar de klups meie noch oan ’t en mei nije spilers helje en kinne ek noch wolris wat kwytreitsje. Der sille dus noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende 3 wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Beerens wol nei AZ mei fan SC Heerenveen
-Bouma wol wer fuort wol by PSV
-Vennegoor wol nei ADO wol
-it Sneijder neat útmakket as hy no yn Milaan of Manchester fuotballet
-FC Twente wer foar Fer giet
-Ruiz nei Spurs kin of nei Arsenal

Doelman

Ajax is op syk nei in twadde doelman. Se wolle de jonge Cilissen fan NEC helje, wylst se de jonge Bizot úttliend ha oan Cambuur. En neffens de berjochten wie dat justerjûn de absolute útblinker.

Harsens derby (537)
Wy hawwe it bewiis yn hannen krigen dat der ek yn it frouljusfuotbaljen keepsters omkocht wurde:


Letter miskien mear!