Sneon mei de bus nei Tollebeek 1 – SDS 1. Jou dy op!
10 mei 2026Mei de bus nei Tollebeek
Sneon spilet SDS 1 om 14.30 oere út tsjin Tollebeek 1.
Om’t SDS 1 kampioen wurde kin giet der in bus fanút Easterein nei Tollebeek.
Fertrek: 12:45 oere by Sportpark De Skoalleseize.
Kosten: 15 euro per persoan.
Betelje tusken 12.00 en 12.30 oere yn de bestjoerskeamer. Net yn de bus.
Jou dy sa gau as mooglik op by Kerst Hoekstra 06-22187399

Yn de LC
In stjêr
Arjen Stremler, earder jeugdfuotballer bij SDS hat syn earste stjêr binnen. Dat betsjut 25 doelpunten bij ONS Sneek. In moaie prestaasje.
Us eigen Ate Schaap sit ticht tsjin syn earste stjêr oan. Hij hat 24 doelpunten makke foar SDS.
Fjild Oudehaske
By vv Oudehaske hawwe sy in keunstgersfjild, mar de jeugd spilet op in échte gersmatte. Wol in bysûndere. De JO13 1 mocht sneon los op dizze matte:


SDS’ers der op út!
Sneon binne Gert-Jan en Hester Hiemstra mei harren heiten Geert en Siem nei Lazio Roma – Inter west. Sy hawwe it tige nei de sin han. It waard uteinlijk 0 3 foar kampioen Inter.

SDS-League
Om’t hjoed de wedstriid NAC – sc Heerenveen pas útspile is kinne wy moarn pas mei de nijste stân fan de SDS-League komme. No al benijd nei!

Harsens derby (2385)
Ho!
Betting has become such a huge part of sports, it’s hard to look at clips like this and not be a little suspicious.
But I suppose people do make mistakes…pic.twitter.com/Ss9213ZM6o
— Mario Nawfal (@MarioNawfal) May 10, 2026




