Willem Wijnia wint wer

Snertrace grut sukses
8 januari 2006
Wepperkes -moandei-
8 januari 2006

Tidens de nijjiersresepsje fan SDS is foar de tredde kear de fuotbalkenniskwis holden.
Yn in grôtfolle kantine moasten Jan de Jong en Gearard Posthumus besykje de finale te heljen ten koste fan de twa eardere winners.
Dat slagge net. Lolke Hofstra en Willem Wijnia moasten tegearre mar útmeitsje wa’t de tredde titel pakke soe.
Dizze wike wiene se tegearre nei Dublin west en tidens de reis hiene se hiel wat suggesties dien hokker fragen der mooglik komme koene.

 Bij de foto:
* Yn de twadde ronde  moat er gokt wurde. In A, B of in C
* Willem drukte meast krekt efkes earder as Lolke en dat makke it ferskil. Hat dat mei âlderdom te meitsjen?
* De earste priis wie in boek en de trofee. De twadde priis wiene Cambuur sokken en dat stimulearde enoarm
* De jeugd siet betiden ademleas te sjen en sij wiene geweldich stil
* “Absolute stilte”, dat moast fragensteller Freddy te faak sizze om mei namme de minsken bij de bar stil te krijen.
* 6-3 wie de einstân yn de finale
* Willem koe wer mei de prachtige trofee, dy’t troch Atty makke is, grutsk thús komme

Foarwedstryd
Twa jeugdige talinten mochten ûnferwachts sjen en heare litte wat sij wisten. Jildert en Sicco prate tegearre altyd oer fuotbal. Efter it TheodeJongapparaat wist Jildert krekt efkes mear.
Ek foar de takomst binne der fêst wer kandidaten.

Mei it each op takem jier
Nei de kenniskwis fan 2006 wurdt der gelyk al wer foarútsjoen. Sa is no al bekind dat er in foarronde komt mei Daan, Ype en Sjoerd.
Foar Lolke betsjut it ferlies fan dit jier ek dat hij takem jier him fia de foarronde pleatse moat. Hij wol dat graach en hopet dat hij dêr Wichard  Deinum treffe mei. Mei Jappie Wijnia derbij soe dat ek in hiel leuk poultsje wurde kinne.