Wepperkes -moandei-

Willem Wijnia wint wer
8 januari 2006
Snertrace-8 kilometer
8 januari 2006

Battle of the Sexes
Snein is it safier; The Battle of the Sexes. De striid tusken de manlju fan SDS 1 en de froulju fan COVOS 1.

Wy binne benijd wat jim der fan tinke. Wa sjogge jim as favoriet? En wat fine jim in goeie tsjinprestaasje foar de manlju as foar de froulju?  

Stjoer jim ideeën nei info@vv-sds.nl , en wa wit wurd jim tsjinprestaasje ek echt útfiert.


Ôffalle!
Wa ’t mei de krystdagen wat tefolle kilo’s oankommen is en graach wat ôffalle wol kin terjochte by Jatto Ceesay fan Willem II. Dizze razendsnelle spits wit hoe je oergewicht supersnel wer kwyt binne(lês hjir).

Ferkeap fan boeken
Der wie dizze wike wer in grutte ferkeap fan ôfskreaune boeken yn de byblioteek fan Wommels. Opfallend wie de grutte ‘run’ op fuotbalboeken. Sels Ajax fans hiene belangstelling foar Feyenoord boeken. Soe soks mei de kwis te meitsjen hawwe.

 

Pouleyndieling

Kommende sneon binne yn de Trije de finales fan de Midwinter kup. Foar SDS wol in hiel bysûndere dei want der dogge 2 SDS ploegen.
De poule yndieling is ek bekind.
Poule A  ( begjinne om 9.30 oere)
SDS 2
Blauw Wit 2
Dokkum
Workum

Drs Vijfje

Poule H  (begjinne om 12.00 oere)
ONT

Cambuur
CSL
the Point
SDS 1


Frijwilligersjûn
Foarsitter Rienk Wiersma betanke alle frijwilligers wer foar wat se meielkoar foar de klup dogge. Op 8 april sil de frijwilligersjûn wer holden wurde.


Kwisfraach
Ien fan de kwisfragen gie oer Ropta Boys. De fraach wie wêr’t dizze klup weikaam. It antwurd is Easternijtsjerk.
It misbegryp is dat de klup earder út Metslawier kaam. Mar earne yn de jierren 70 is de klup ferpleatst nei Easternijtsjerk.

As winner út de hel
Teade de Boer makke ús attint oer in artikel wat yn it AD stie oer de winner út de hel. Hel..aas is der in flater makke by it AD want it giet net oer Wiebren en Namkje(klik
hjir).

 

Gelyk
Geert Hiemstra hie fansels grut gelyk ôfrûne sneon tidens de nijjiersresepsje. Der bart nea wat bij SDS. In deade klup. At je op www.vv-sds.nl
sjogge, dan falt al op dat er nea wat te dwaan is. Wij stelle dan ek foar dat it logo fan de klup feroare wurde moat.


Jingle Bells
Yn Spannum is noch sprake fan in winterske sfear, sa meldt ús korrespondint HE. Dêr heart fansels
in bekind liedsje bij.

Letter hjoed de foto’s fan de 8 kilometer -snertrin!