Wij steane sneon stil

Ut- en ferslaggen 30-10
29 oktober 2010
Weppers snein 31-10
30 oktober 2010

Stoppe nei 2006-2007: Marco Brouwer.
Dizze foto pleatsten wij yn juni 2007.

Sneon 30 oktober 2010 steane wij stil bij de dea fan Marco Brouwer. 

Fuotbaljen stiet hjoed op it twadde plak. Op dizze sneon nimme wij ôfskie fan Marco Brouwer, noch mar 34 jier âld.

Wij sjogge op ús wize noch efkes yn it skreaune archyf fan de Treffer en hawwe hjir en dêr wat útpikt wêr’t it oer Marco giet.

In blomlêzing út de Treffers fan 1983 oant 1998.

Marco in maaie 1984 as kampioen bij E2

Sjoch hjir foar de folgjende feiten

Marco yn 1984 as jongste lid
Marco yndield as D pupil in 1986
Marco bij de B’s
Marco as A-junior bij it twadde
Marco yn de Hanzedruk topskutterslist
Marco as dielnimmer yn de SDS leaugue
Marco yn de opstelling mei syn twa broers yn in wedstriid tsjin Urk
Marco dy’t skoart

Wij fûnen in pear alvetalfoto’s fan SDS 1 en SDS 2 wêr’t  Marco diel útmakket fan de seleksje.


Marco Brouwer (steand meast links) bij de seleksje fan SDS 1. Heit Anne is lieder


Marco Brouwer bij SDS 2. Sittend tredde fan links.

Rêst sêft Marco……wij sille dij misse.

Sjoch ek op betink.nl