Weppers woansdei 9-4

Weppers tiisdei 8-4
8 april 2014
Weppers tongersdei 10-4
9 april 2014

SDS 1 – Delfstrahuizen 1    0-2

At Feite de Haan en Anne Stenekes wer fan stâl helle wurde (of te wol út it twadde) dan witte je dat de need heech is om in kompleet alvetal it fjild yn te stjoeren. Te folle blessures, in skoarsing, in tentamen , samar wat oarsaken fan ôfwêzige spilers.
Mei de wyn yn de rêch krige SDS yn de earste helte ien grutte kâns: Wytze allinne foar de doelman levere lykwols neat op foar SDS. De mannen fan de oare kant fan de Tsjûkemar hiene ek net folle kânsen mar sij skoarden wol yn de 13de minút de 0-1. Fierders waard der foaral fuotballe op it middenfjild en wiene de oanfallen oant de 16 betiden net ûnaardich mar spetterde it net.
Yn de twadde helte wol wat it selde byld. Grutte kânsen bleaunen út en SDS besocht wol wat te drukken mar joech efteryn hieltyd mear romte fuort. Dat moast wol in kear mis gean. Minút 73 wie dat sa. It “Warkum” senario bleau út en sa koene de Dolsterhústers mei 3 punten nei hús. Einstân 0-2.
(Foto: Henk Bootsma)

Pupillen fan de wike

De pupillen fan de wike Tjerk Andringa en Doede de Jager gienen beide mei gelegenheidsspits Marco Rypkema op de foto.
(foto Henk Bootsma).

Tip
Mark Postma joech justerjûn efkes yn it fjoer fan de striid tsjin Delfstrahuizen efkes in tip oan Kristian Gaastra nei in mislearre aksje: Earst herstelle en dan k..t roppe.

Ljeppe
Yn Snits krigen se sneon wer efkes fergees in demonstraasje fierljeppen bij de wedstriid fan fan SWZ C2 -SDS C1. De bal oer de feart, gjin oare bal,  ferdwaasde gesichten, wat no, mar de ballenfanger waard troch in SDS-er efkes brûkt as in polsstok.

SDS MC1
SDS is Sterk door Samenspel. Dat litte de fammen fan MC2 yn
dit filmke efkes sjen. Ien fan de 6 doelpunten tsjin Zeerobben.

Skriuwer
De wedstriidsikretaris fan SDS, André Vink hat neist syn SDS taak ek noch in oare grutte klus hân. Sjoch
hjir.

Drop…drop….drop

De jeugd fan SDS is der dizze wike op út om dropkes te ferkeapjen.
De F- kes en E’s gean yn eigen doarp de D’s en C’s gean nei de omlizzende doarpen ta.
Zet ‘m op jongens en famkes!!!
De jeugdkommisje


COVOS kampioen?
Sneon 19.00 oere begjint de kampioenswedstrijd COVOS-dames 1 tsjin Swette Switters. De nummer 2 tsjin de nummer 1. De lju út Skearnegoutum komme mei in bus fol supporters, dus wy wolle jim dan ek freegje om ek te kommen en ús nei de 3-1 overwinning te râzen. ( bij 4 punten winst wurde we kampioen).
net stinne der hinne!!!!
Gr. COVOS-dames 1

Alderaardichst
Noflik mei Peppi & Kokki foar Chelsea-PSG seit
Kokki: “Heit, wêrom stiet dy tiidwaarnimmer eins lâns de kant?”


Harsens derby(1247)
Hjir is de solo fan Maradona neat by: