Weppers tongersdei 10-4

Weppers woansdei 9-4
8 april 2014
SDS League: "Swarte Beien" pakt wykpriis!
10 april 2014

Dooitze is der net
Wa ’t jûn by Dooitze op de strikersplanke wol hat gelok. Dooitze hat kursus, mar syn stryktafel en Ant binne der wol.

SDS Vr1 ûnderút
SDS Vr. 1 hat justerjûn in ynhelwedstryd fuotballe tsjin Berlikum Vr.2. Sy ferlearen yn Berltsum mei 3-1.

Foto’s SDS 1 – Delfstrahuizen 1
Henk Bootsma hat ôfrûne tiisdei by SDS 1 – Delfstrahuizen 1 wer in pear moaie plaatsje sjitte kinnen ûndanks it rûzige waar(klik
hjir).

SDS League
Wy tinke dat wy jûn wolris mei de nijste stân fan de SDS-League komme kinne.

Kantine
It sil jûn wol wer in gekkenboel wurde yn de kantine. Dêr wurdt fansels de nijste stân fan de SDS-League bekend makke en Benfica – AZ is fanôf 21.05 op de tillevysje.

De derby
Yn 3A is sneon noch in echte derbij neist Nijland-Bolsward. Yn Berltsum komt Minnertgea op besite en dêr meitsje se wakker reklame foar. Sjoch
hjir.

Alderaardichst(2)

Ús foto fan de “tiidwaarnimmer” juster kamen wy juster ek tsjin op de webside fan it AD(klik
hjir) en op Voetbalflitsen.nl.

Pearkeklaverjassen
Wa ’t neat mei it follyballen fan COVOS hat en mei rock- en diskomuzyk yn Weidum kin ek noch te klaverjassen kommende sneon:


Harsens derby(1248)
Sa heart it: