Weppers tiisdei 8-4

Weppers snein 6-4
6 april 2014
Weppers woansdei 9-4
8 april 2014

Gjin trainen
SDS D2 hat hjoed gjin trainen.
Theo


Tiisdeitejûn SDS 1 – Delfstrahúzen 1
17.00: der wêze
18.00: fuotbalje
Skelte, Ewout, Wietse, Kristian, Jacob-Klaas, Wytze, Mark, Marco, Harm, Jaap, Elger, Ayanle, Feite, Dirk en Anne.
Flagger: Rene.

Programma sneon 12 april
Kommende sneon is der wer in útgebreid programma yn Easterein. Miskien is it handich om der no alfêst efkes nei te sjen(klik hjir). Hichtepunt is fansels de bekerwedstryd tusken SDS F1 en Opende F1 om 10.15.

Seal
De sealfuotballers meie moarntejûn wer los. Sy spylje om 19.55 yn Snits tsjin SWZ 2.

De Treffer
De Treffer liet by ús drukker Van der Eems en as alles wat meisit dan leit der kommend wykein by jim op de doarmatte.

Pankoeken
Sneon dienen der twa grutte fammen mei bij Blauw-Wit D3. Dit smiet fansels kommentaar op by de lytse hoantsjes fan D1: Nykele: “It is net myn type!” Steven: “Se rûkt oars wol lekker nei pankoeken!”

Rock the Boat
De heiten fan de SDS’ers Nykele, Benthe, Luka, Robin, Milan, Jorrit spylje sneon mei harren band Voskov’s Grodzemods yn Wjelsryp. Sy sille dêr mei NNB en Crude soargje foar wat rock. By Crude spylje de heiten fan de SDS’ers Michael, Luuk en Sije. In DJ sil soargje foar wat disko. Wy kinne no al hast net mear stil sitten bliuwe. De yntree is 5 euries.


Look-a-likes
Yn de nije Treffer kinne jim wer wat nije SDS-Look-a-likes besjen. Ek by Real Madrid hawwe sy lokk-a-likes:
fashion2

Harsens derby(1246)
Ach, wy misse allegear wolris yn in leech stadion….. Foar in (hast) leech goal…….