Sneon 18-4-2026
17 april 2026Goal fan Ate
Minne Bouma wie sneon by Irnsum 1 – SDS 1 sa tûk om de goal fan Ate Schaap op syn tillefoan fêst te lizzen. Hjir is der:
@ff_sds wint bij @VVIrnsum 0-1! pic.twitter.com/Kp15R3wxf4
— Minne S. Bouma (@MinneBouma) April 18, 2026
SDS JO8-3
SDS JO8-3 mocht sneon foar it earst los. SDS hat ynmiddels safolle jeugdteams dat de wite sjurts op binne. Lokkich leinen der noch reade.
It brocht úteinlijk gjin gelok, want de wedstriid yn Dronryp tsjin SJO DFC gie mei 5-3 ferlern, mar de protters hawwe it o sa nei de sin hân.

Foar: Sytze Hessels, Mette Politiek, Almer Hitzert, Steven Engbrenghof, Bauke Sieperda, Hedzer Douma en Hidde Okkema.
Efter: De begelieders Anke-Marije Pompstra en Tsjipke Okkema
Feanrun

De toppers fan de Feanrun kamen ek noch efkes op de foto.
Harsens derby (2380)
Folgende kear mar net wer fisk ferkeapje by it fuotbaljen……….
Avustralya Ligi’nde oynanan bir maçta sahayı martılar bastı. pic.twitter.com/1NXQRZMvSq
— BPT (@bpthaber) April 18, 2026
Letter miskien wol mear!


