
Moandei 18 maaie proeftraining foar famkes by SDS
21 april 2026It rint nei it ein fan de kompetysje en dat betsjut dat der romte komt om mei te dwaan oan alderaardichste fuotbaltoernoaien.
Hjir in pear tradisjoniele toernoaien op in rygje. benijd as der noch wat SDS’ers oan meidwaan sille.
Geert-Engbers-skoallefuotbaltoernoai yn Littens
Al sûnt 1958 wurdt der yn Littens jierlijks in skoallefuotbaltoernoai organiseare. Geert Engbers wie hjir de oprjochter fan. Doe’t hy yn 2002 ferstoar hat it toernoai syn namme krigen. Yn it begjin wie it in toernoai mei 11-tallen. Letter waarden dit 7-tallen en tsjintwurdich binne it 4-tallen en 7-tallen foar sawol famkes as jongens.
It toernoai is foar alle basisskoallen út de eardere gemeente Littenseradiel en wurdt tradisjoniel op Keningsdei organiseare.

Doarpentoernoai yn Littens
VV Oosterlittens slút tradisjoniel it seizoen ôf mei in doarpentoernoai en in noflike jûn mei muzyk. Hjir mei elkenien oan meidwaan mei in teamke. It is foar 7-tallen.
Guon SDS’ers binne fan doel om hjir oan mei te dwaan. Allinnich as SDS yn de neikompetysje komt wurdt it mooglik wat lestich. Noch in goeie reden om kampioen te wurden liket ús sa ta.
Foar de spilers fan vv Oosterlittens jild hast itselde. Sy kinne de 3e-perioade noch winne as sy op it 3e plak stean bliuwe. Dan kin it dus wêze dat sy 6 juny yn de finale fan de neikompetysje balje moatte.

Midsimmercup yn Dronryp
Op sneon 13 juny wurdt dit jier de Midsimmercup ferspile yn Dronryp. Dit 5-tsjin-5-toernoai wurdt al sûnt 2004 organiseard. Dit jier is de 21e edysje. SDS die jierren ek mei in ploegje mei, mar de lêste jierren stiet dit op in leech pitsje. Mei altiten in sterk dielnimmersfjild is it tige de muoite wurdich om efkes om it hoekje te sjen.
Hjir kinne jim der alles oer lêze.

Hjir yn 2022 SDS mei Jaap Toering, Gerwin Sijbesma en Remco Hijlkema tsjin PKC út Grins.



