Weppers freed 24-4-2026

Nijsgjirrige fuotbaltoernoaien
23 april 2026
Nijsgjirrige fuotbaltoernoaien
23 april 2026

Ynhelle

Justerjûn hat SDS JO8-2 de ynhelwedstriid tsjin DFC SJO JO8-3 mei 4-3 wûn.

Ynhelprogramma

Sneon net in grut programma. By de senioaren hoecht allinnich SDS 2 te baljen. De JO19-1 is ek frij. De JO17-1 moat al. Sy meie út nei Ljouwerter Sweltsjes JO17-1.

SDS 2 – Lions 2 (14.30 oere)

Lions 2 stiet ûnderoan mei 8 punten út 13 wedstriden. SDS 2 stiet 6e mei 20 punten út 17 wedstriden. Mei oare wurden; Lions 2 kin noch lyk komme mei SDS 2 as sy al harren ynhelwedstriden winne. Dan sille sy earst al fan SDS 2 winne moatte.
Seleksje:

  1. Auke
  2. Bauke
  3. Daniel
  4. Gjelt (K)
  5. Jildert
  6. Jorn
  7. Lieuwe
  8. Pieter
  9. Redmer
  10. Sietze
  11. Sjirk
  12. Wessel S
  13. Wessel W
  14. Wout

Oanwêzich: 13:30 oere
Wedstriid: 14:30 oere
Koach: Jort Strikwerda

Slotdei SDS

Beste SDS’ers, taskôgers, sponsoren en elkenien dy’t nocht hat yn in moai feestje!
Sneon 9 maaie organiseare wy wer ús jierlikse slotfeest om it seizoen mei elkoar ôf te sluten.
In gesellige dei mei muzyk fan sjonger Jelmer en Nanne Dusselaar fan ‘Gewoan Lekker’ sil foar lekkere broadsjes soargje.
Foar frijwilligers binne der twa broadsjes fergees te krijen.
Bist gjin frijwilliger? Dan bin dizze foar €10,- ek ôf te heljen.
Yn beide gefallen wol efkes opjaan fia it formulier hjir op de webside.
Wy hoopje der mei elkoar wer in prachtige en gesellige dei fan te meitsjen!
Mei freonlike groet,
De SDS feestkommisje
P.s. It ynskriuwformulier foar de lekkere broadsjes fan ‘Gewoan Lekker’ Nanne is ûnderweis.

Al foar 10 eurie nei sc Heerenveen – Fortuna Sittard

Foar wa ’t moarn noch foar 10 eurie p.p. nei sc Heerenveen – Fortuna Sittard wol kin hjir kaartsjes bestelle.
De bern hawwe noch fakansje en de wedstriid begjint al om 18.45 oere dus dat komt moai út.
Ful it formulier yn en dan giet der ek noch 2 eurie per kaart nei SDS. Win-win!

Harsens derby (2381)

😉

Letter miskien noch wol mear!