Weppers woansdei 9-2

Weppers tiisdei 8-2
7 februari 2011
Weppers tongersdei 10-2
9 februari 2011

SDS 1 hat oefene tsjin Makkum
Justerjun hat SDS 1 oefene op it keunstgers fan Makkum.  Nei in 2-0 efterstan waard it yn’e earste helte noch gelyk troch goals fan Erik Haitsma(jawol!) en Jacob van Wieren. Yn de twadde helte waard der net mear skoard wertroch de wedstriid dus eindige yn 2-2.
En nee,
ien fan de Makkumgoals wie gjin eigen goal fan Jacob-Klaas
 
SDS 1 oefent folgende wike tiisdei wer
Folgende wike tiisdei sil SDS 1 wer te oefenjen. Dit kear is V.V. Sneek Wit Zwart 2 de tsjinstanner op it fjild yn Snits. De wedstriid begjint dêr om 20.00 oere. Sa at it no liket sil der moandei wol gewoan traint wurde yn Snits.

SDS 2 hat oefene
SDS 2 hat sneon op Skylge fuotballe tsjin SC Terschelling 2. SDS 2 koe wat better mei de stoarm oerwei en wûn mei 9-2.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 mei jûn op ‘e nij thús sealfuotbalje. No tsjin de nûmer 2, Futsal Buitenpost 1. Jaap, Feite, Tsjipke, Jelle, Freek, Wytze en Willem moatte fuotbalje om 20.30.

Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 2 hawwe justerjûn fuotballe yn Wâldsein. Wy krigen goeie berjochten:

1-5 wûn!!!

Sealtraine
SDS 4, 5 en 6 traine woansdeitejûn wer yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear wer efkes in eurootsje meinimme.

E2 oefent
Vanavond oefendwedstrijd WpB E1- SDS E2
Sportpark Schuttersveld Sneek 18:15 uur
Vertrek uit Wommels om 17:30 uur

Trainingen F5 en F6
Vanaf morgen (donderdag 10 februari) worden de buitentrainingen voor de jongste/nieuwste F-pupillen gestart onder leiding van Tsjipke Klaas Okkema, Christiaan Plantinga, Jelmer de Boer en Wytse Fopma.
De training is van 16:00 tot 17:00 uur, graag allemaal op tijd aanwezig zijn.

Fan herte lokwinske!
Jan Stenekes is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!

Harsens derby(397)
Hjir moat je al in skoftke op traind hawwe foardat je sa ’n kâns sa misse kinne: