Weppers tongersdei 10-2

Weppers woansdei 9-2
9 februari 2011
Weppers freed 11-2
11 februari 2011

SDS 1 seal wint
In moai potsje fuotbal justerjûn. Spannend en ek noch winst foar SDS 1. It earste kertier wie prima en mei 2-0 op it boerd like it bêst. Willem en Feite (heech yn it doel wylst 4 man op de line stean). Buitenpost kaam werom nei 1-2 en mei in man mear wist SDS net de 3-1 te meitsjen. Nei it skoft waard it wol 2-2. It koe alle kanten út mar doe’t SDS wer mei in man mear mocht, foel it beslissende doelpunt wol (Willem).  3-2 tsjin de nûmer 2 is net sa gek.

Sealtraine
It wie wer drok justerjûn yn de seal. Foaral SDS 6 hat der in soad nocht oan en oanfuld mei twa feteranen (Sipke en Ids) en wat jonges fan SDS 4 koene der mei gemak 3 ploechjes makke wurde

Trainingsseleksje SDS 1
Tongersdeitejûn traint de A-seleksje yn Easterein om 20.15 oere. De minsken dy’t hjirûnder net bysteane kinne traine mei de B-seleksje, sy traine ek wer gewoan yn Easterein.
De folgende spilers wurde by de A-seleksje ferwachte:
1. Jaap
2. Kristian
3. Skelte
4. Ewout
5. Feiko
6. Feite
7. Erik
8. Jacob-Klaas
9. Tsjipke-Klaas
10. Arjan P.
11. Wytze
12. Grietzen
13. Harm
14. Redmer
15. Jacob v. W.
16. Jelmer
17. Henk

Traine
SDS 2 en 3 traine jûn wer gewoan yn Easterein om 19.00. SDS 4, 5 en 6 begjinne nije wike wer bûten te trainen.

SDS 2 sil oefenje
SDS 2 sil kommende sneon yn Boalsert op kuenstgers oefenje tsjin Bolswardia 2. De wedstryd begjint om 12.00.

Hieperdepiep….hoera
Gisteren hebben de jongens van groep 8 van it Funemint, de tweede plaats bereikt  van het knvb schoolvoetbal (zaal).
Na een zeer spannende finale ging helaas de eerste prijs op doelgemiddelde aan hun neus voorbij.
Het team had een zeer hoog sds gehalte want het bestond uit allemaal speler uit de D1 en D2.
Idsert, Matthijs, Gerwin, Inne, Jos, Yward,  (D1) en Niels, Gerhom en  Jacob (D2) hebben fantastisch voetbal laten zien.
Mannen gefeliciteerd met deze prachtige prijs!!!!!!!!!!!!!!

Poiesz munten aksje
Dizze wike is it wer begûn mei de jeugdssponser aksje fan Poiesz. Jim kinne de punten ynleverje yn de buis yn Skearnegoutum mar ek ynlverje yn de kantine yn Easterein.

SDS E2 hat oefene 
Justerjûn hat E2 een oefenwedstryd spile tsjin WaterpoortBoys E1. De wedstryd begûn goed, nei 10 minuten scoorde Steven Vellinga fan út in útferdedigings fout fan WPB.
Jammer genôch kaam nei 20 minuten de gelykmakker en vlak foar de rust 2-1 efterstân. It like wol at E2 mei in man minder yn it fjild stie. Dat blike yn e twadde helte nog es in kear sa dúdlyk; Mark Klijnsma wie ynlient fan E4 en hie hinnereis de auto der al ûnder kwarre, no yn e twadde hellte joeg er  self ek ta dat er syk wie. Hurd in spiler liene fan E1 die ’t oan it trainen wie like de oplossing. En even hienen de mannen de geest wêr te pakken. Helaas waard de de wedstryd beslist mei in eigen goal flak foar it einde, 3-1.
Ferlies dus foar E2, mar se hawwe fan e WaterpoortBoys spilers in protte nije fuotbalwurden leart dy’t myn bern by my thús net brúke meie. It like wol at dizze mannen de mediske enceclopedy bestudeare hienen. Ik wurkje yn it sikehûs mar dizze wurden koe ik noch net…..
Hans v/d Schaar

Sealfuotbal
Op sneon 19 febrewaris is der jûns sealfuotbaljen foar alle senioren en A-junioren. Jim kinne jim
hjir opjaan. Bote, Ids B. en Ids de B, Martin, Freek en Jacob hiene harren al opjûn. At sij wer meidogge dan hoege se neat te dwaan.

EK sealfuotbal
Dizze wike wurdt der tennist yn Rotterdam mar oer twa wike is dêr it EK sealfuobal. Wolle jim dêr hinne , lês dan
dit berjocht.

VI-kwis
Wy binne hiel benijd wa ’t alle antwurden fan dizze
alderaardichste kwis it earst hat. It is dit kear gjin straf om der oeren mei te sitten.

Harsens derby(398)
Ja, as je sa ’n kâns misse dan soenen je it leafst je holle yn it sân stekke wolle: