Weppers tiisdei 8-2

Weppers moandei 7-2
6 februari 2011
Weppers woansdei 9-2
9 februari 2011

Seleksje SDS 1
Jûn spilet SDS 1 in oefenwedstriid yn en tsjin Makkum 1. De wedstriid begjint om 20.30 oere. Fertrek út Easterein is om 19.15 oere. Soargje foar genôch auto’s!
 
Dit binne de minsken dy’t meigean.
1. Jaap
2. Kristian
3. Skelte
4. Ewout
5. Feiko
6. Feite
7. Erik
8. Jacob-Klaas
9. Tsjipke-Klaas
10. Arjan P.
11. Wytze
12. Grietzen
13. Harm
14. Redmer
15. Jacob v. W.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 mei moarntejûn op ‘e nij thús sealfuotbalje. No tsjin de nûmer 2, Futsal Buitenpost 1. Jaap, Feite, Tsjipke, Jelle, Freek, Wytze en Willem moatte fuotbalje om 20.30.

Sealtraine
SDS 4, 5 en 6 traine woansdeitejûn wer yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear wer efkes in eurootsje meinimme.

Yn Easterein traine
SDS 2 traint kommende tongersdei wer gewoan yn Easterein. Sy traine om 19.00.

Hurde wyn
De jeugd fan F3 en E3 hiene flink lêst fan de stoarmwyn om in oere as 6 justerjûn yn Snits. Doeltsjes waaiden om of fuort op it glêde keunstfjild en it wie ûnmooglik in korner te nimmen. En foar de spilers foel it net mei om steande te bliuwen. Bij E3 leinen se meielkoar 119 kear op de grûn en Sjoerd Messie de Boer wie de topper mei 43 kear. Nei ôfrin lieten se harren allegear roljend mei de wyn meinimme oer it fjild hinne.

Bikkels
Justerjûn hawwe de mannen fan E2 wêr foar it earst dit jier op it fjild by SDS traint. It waaide alderferskoarendst hurd mar de mannen hawwe trochsetten en traint foar harren oefenwedstriid moarntejûn tsjin Waterpoortboys E1.
E2 jimme binne bikkels!
Hans

De ideale skoansoan
Tjerk van der Pol hat trije soannen en dêr is hij mar wat grutsk op. Hij tinkt stikem wolris dat dit letter gewoan trije ideale skoansoannen wurde. Mar binne se der noch wol dy de ideale skoansoannen. Ja seker, trainer Jaap de Blaauw hat der ferstân fan. Sjoch
hjir

Jelmer (1)
Miskien dat Jelmer Posthumus sels efkes soargje kin foar in moaie Clarence foto. Want sa’n misser wolle wij graach fêstlizze foar de ivichheid. Of hat er ek maten, dyt him bysteane wolle. Of in saakwaarnimmer?

Jelmer (2)

En foardat wij de boppesteande wepper pleatsten, hiene wij al in foto binnen fan ien fan de saakwaarnimmers fan Jelmer, nammentlik Sytse Hibma. Hij hat Jelmer gelyk oan it wurk setten.

Harsens derby(396)
Wy hawwe net folle mei dizze Ronaldo, mar dit wie dochs wer alderaardichst.


Letter miskien mear!