SDS manlju op OFK

Woansdeitejûn wie SDS dwaande op it OFK yn Frjentsjer.
SDS gie mei de folgende selekskje op paad: Jaap, Feite, Tsjipke, Matthijs, Pieter, Bote, Habtamu en Willem.
Wij folgen it troch de berjochtsjes en foto’s fan Johan Delfsma.

SDS – Makkum 2-2

Earste wedstriid waard in lykspul tsjin de readwiten fan Makkum. SDS kaam al gau mei 1-0 efter en doe ’t it ek noch 2-0 waard like de wedstriid spile. Dochs kaam SDS noch knap werom oant 2-2 (foto Johan Delfsma).

SDS – Kollum     0-2

De kansen foar SDS , mar de doelpunten wienen foar Kollum. Twa lette doelpunten fan Kollum wiene beslissend.

SDS – Puinhoop  0-2


It wie gjin puinhoop neffens Johan Delfsma mar alle hoop op in finale plak leit wol yn pún nei it 0-2 ferlies.

SDS – Leekster Eagles      1-1

Tsjin de koprinner fan de poule in  knap lykspul en mei in bytsje gelok hie der ek noch mear yn sitten.

SDS – Bergum      3-1

De lêste wedstriid tsjin Bergum waard noch mei 3-1 wûn al makke it foar de stân net folle mear út.

Utslaggen en einstân

Leekster Eagles en Makkum gienen úteinlik troch nei de finaleronde fan sneon. Krekt de twa ploegen wêr ’t SDS tsjin lykspile hat. SDS liet it lizze tsjin Makkum en Kollum en giet dêrtroch net troch nei de finaleronde.

Under dizze link de stân fan saken.