Weppers woansdei 8-9

Weppers tiisdei 7-9
6 september 2010
Doch ek mei oan de SDS-League!
9 september 2010

SDS League

De formulieren foar de SDS League binne klear. Sy sjogge der iets oars út dan dat jim fan ús wend binne. Graach gau ynfulle, want wy wolle kommend wykein al los. Wy wurkje mei de seleksjes dy fermeld stean op www.competitiemanager.nl. Sommige nije oankeapen fan klups binne dêrop noch net ferwurke. Wolle jim dizze spilers dochs hawwe(b.f. Aissati by Vitesse) dan skriuwe jim se der mar by. Wy kinne allinnich gjin garansje jaan dat sy by www.competitiemanager.nl ek punten krije.
Dus net te lang stinne en gau dy SDS League útprinte en ynfulle of ynfulle en maile nei info@vv-sds.nl. Jim kinne hjir it formulier fine en der hjir alles oer lêze.
Graach ynleverje foar sneon 19.00.


Trainingsseleksje SDS 1 
De folgende minsken wurde takom tongersdei ferwachte op’e training fan SDS 1. Degenen dy der net by steane wurde ferwachte op’e training by SDS 2 om 19.15 oere.

  1. Marten
  2. Jaap
  3. Andries
  4. Redmer
  5. Ewout
  6. Feite
  7. Tsjipke-Klaas
  8. Harm
  9. Hendrik
  10. Erik
  11. Jacob-Klaas
  12. Feiko
  13. Henk
  14. Arjen P.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
It waar wurdt wer wat minder, dus heech tiid om de seal yn te gean. Jûn giet de sealkompetysje wer los. SDS 2 spilet om 20.30 thús tsjin Haskerland 5 en SDS 1 om 21.30 tsjin Futsal Bûtenpost.

Ôfdrûge
Wat waard Wrâldkampioen Spanje fan ‘e wike ferskriklijk ôfdrûge troch Argentinië(klik hjir).

Djip Triëst
Triestina yn de Serie B fan Italië hat in prachtich stadion wêr ’t 32.000 man yn kinne. Spitich genôch komme der eltse wike mar 4000. Brouwers Skilders hat dêrop wat fûn en prachtich behang yn it stadion hong. De Brouwers hawwe efentueel ek noch oare motiven(klik hjir).
image

Harsens derby(287)
Altiten aardich sa ’n skorende keeper: